Regionale Enerzjystrategy Fryslân stap fierder

april 16, 2021 19:41

Troch it Fryske jonkje Jelte in sinne oer te langjen presintearren deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Bert Wassink fan de gemeente Ljouwert op freed 16 april de Regionale Enerzjystrategy Fryslân (RES 1.0). Dêr stiet yn beskreaun hoe’t de regio Fryslân yn de kommende tsien jier duorsume enerzjy winne sil. “De RES 1.0 jout hânfetten om dat mei-inoar fierder út te wurkjen. Dat dogge wy ‘op syn Frysk’, troch gear te wurkjen op grûn fan draachflak en fan ûnderen op. ‘Mei-inoar, mei de mienskip’, want draachflak op de lange termyn is essinsjeel om de enerzjytransysje slagje te litten”, neffens deputearre Poepjes.

Deputearre Poepjes en wethâlder Wassink langje Jelte mei de sinne in duorsume takomst yn Fryslân oer. Toto © Het hoge Noorden

De Fryske gemeenten, provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe mei-inoar de ambysje formulearre om yn 2030 trije terrawattoere elektrisiteit duorsum te winnen. Dat hâldt in skjinnere takomst foar dizze en kommende generaasjes yn. De Friese Energie Alliantie, dy’t út 11 oanbelangjende maatskiplike organisaasjes en Liander bestiet, hat ek meitocht.

Fryske mienskiplike ambysje
Fryslân is no al de provinsje mei de measte lokale inisjativen op it mêd fan duorsume enerzjy. De enerzjyregio set yn op wyn en sinne, neffens de sinneljedder. Dat betsjut dat sinne-enerzjy op dakken yn beboud gebiet de foarkar hat. Earst dêrnei komt net-beboud gebiet yn byld, dêr’t each by is foar it lânskip en de Fryske grutskens. Mei de plannen út de RES 1.0 leveret Fryslân realistyske in bydrage. De opbringsten bliuwe yn de regio.

Oer de Regionale Enerzjystrategy.
Om it opwaarmjen fan de ierde te kearen, binne oer de hiele wrâld ôfspraken makke. Nederlân is dêrfoar yn tritich regio’s ferdield, dy’t allegearre in eigen Regionale Enerzjystrategy meitsje – de RES. Fryslân is ien fan dy regio’s.
Mear ynformaasje oer de RES-Fryslân stiet op  RES Fryslân (resfryslan.frl) en de fideo https://www.youtube.com/watch?v=7eoqjWmEFsQ

april 16, 2021 19:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.