Regear wol werom nei normaal yn seis stappen (mei datums!)

april 13, 2021 20:20

It Nederlânske regear hat in plan om út de koroanakrisis te kommen. Dat hat premier Mark Rutte hjoed buorkundich makke. Dat giet yn fiif stappen. Dy sjogge der sa út:

Stap 1: (26 en 28 april)
* Op 20 april wurdt nochris besjoen oft it wier kin.
* Sa ja, dan geane op 26 april de universiteiten en hegeskoallen wer iepen.
* Sa ja, dan geane op 28 april de winkels en terrassen iepen en wurdt de jûnsklok opheft.

Stap 2: (11 maaie)
* Op 3 maaie wurdt nochris besjoen oft it wier kin.
* Sa ja, dan is binnensport wer tastien (mei in koroanatest).
* Sa ja, dan geane de museums wer iepen (mei in koroanatest).

Stap 3: (26 maaie)
* Groepsfoarming bûtendoar mei wer mei fjouwer minsken.
* De restaurants meie wer iepen.
* Teaters meie wer iepen.

Stap 4: (16 juny)
* Groepsfoarming bûtendoar mei wer mei seis minsken.
* De hotels, ythúskes, kroegen en disko’s meie wer iepen.
* Eveneminten binne wer tastien.

Stap 5: (7 july)
* Groepsfoarming bûtendoar mei wer mei acht minsken.
* Oare beheinings wurde fersoepele.

Stap 6: (ûnbekend)
* Alle maatregels (oardel meter ôfstân hâlde, mûlekapkes, koroanatests) wurde opheft.

In dokumint fan de oerheid mei mear details is hjir te finen:
https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/publicaties/2021/04/13/informatieblad-corona-13-april-2021/210413-Openingsplan-stap-voor-stap-meermogelijk.pdf

april 13, 2021 20:20
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. A.Kramer april 15, 11:29

    it soe samar wêze kinne, dat stap 5 nea komt. In tal gelearden seit dat de oardel meter in “blijvertje” is, en dat we nea mear fûstkje en tútsje sille en mûlkapjes, foar altyd bliuwe sille.(Lokkich seit in oar tal dat dizze simmer of hjerst in ein oan alle maatregels komt). In definityf wêze fan ‘e oardel meter kin grutte skea oan ekonomy en maatskippij bringe. In soad wurk is kwalik op oardel meter te dwaan. (en wurdt no miskien al binnen oardel meter dwaan mei mear koroana as gefolch). Ütgean, aktiviteiten en eveneminten wurde ek dreech te organisearjen, (Tink b.g. oan in âlvestêdetocht). Der is no wylst der tichtplicht is in soad te folle ferkear op ‘e dyk. Dit wie by it snoade ynsluten fan foarich jier net. Dit folle ferkear betsjut ferpleatsingen en dêrtroch ek kontakten, dy’t besmettings teweechbringje kinne. Ûnder oare troch dat mar ek troch it besmetliker wêze fan ‘e Ingelske fariant komt it dat de sifers no mar sa stadich omleech geane.

  2. A.Kramer april 15, 14:07

    Ik bedoelde stap seis. stap fiif is de lêste stap op de routekaart.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.