Psychology: wêrom’t minsken net op it idee komme om dingen te ferwiderjen
Resint ferskynd
- Dútske dokters kinne gjin “oplieding” ta homeopaat mear folgje 0
- Saakkundigen: ‘Apepokkesykte folslein oars as koroana’ 0
- Boeren telle flinters foar better ynsjoch yn bioferskaat 0
- Foarwerpen fan mear as 40.000 jier âld fûn yn Twintske greide 0
- GGD: trije wike karantêne foar nauwe kontakten mei apepokkepasjint 0

Bern dy’t in poartsje fan Lego makke hawwe, dat wipket, sille almeast ekstra blokjes oan it koartere poatsje tafoegje as dat se blokjes fan de langere poat ôf helje. As minsken in probleem oplosse moatte, foegje se faak wat ta. Se komme almeast net op it idee om wat te ferwiderjen. Amerikaanske wittenskippers hawwe no ûntdutsen hoe’t dat kin.
Bern dy’t it fytsen leare, falle om. Dat demotivearret, it docht sear, dus der binne fytskes nedich om bern oerein te hâlden. Dat wiene oant no ta hast altyd gewoane fytskes mei wat derby op: sydtsjiltsjes. Dy hawwe lykwols in neidiel: it bern leart net om sels it lykwicht te bewarjen. Earst in pear jier lyn hawwe ûntwerpers betocht dat men yn de evolúsje fan de fyts ek in stapke weromdwaan kin troch net wat ta te foegjen, mar de trapers fuort te heljen. It bern kin dan ride troch te rinnen – in rinfyts wie de foargonger fan de hjoeddeiske fyts, mar ek de fuotten oplûke as it faasje makke hat. En as it hast omfalt, set it de fuotten wer del. De falkâns is in stik lytser as by in gewoane fyts.
Hoe kin it no dat net ien dy simpele oplossing earder betocht hat? Dat is in algemien psychologysk meganisme. Undersiker Leidy Klotz seit: “It bart by it ûntwerpen, myn eigen ûndersyksfjild, mar ek by it skriuwen, by it itensieden en eins by alles. Tink mar oan jo eigen wurk, dan fernimme jo it wol. It earste dêr’t minsken oan tinke is om wat ta te foegjen om dingen better te meitsjen. Us ûndersyk lit sjen dat dy gewoante yn ús neidiel is en dat it soms better is om wat te ferwiderjen. Sels as dat jild opsmyt, tinke wy der lykwols faak net oan dat dat kin.”
Klotz hat mei syn kollega’s Gabrielle Adams, Andrew Hales en Benjamin Converse ûndersocht hoe’t minsken te wurk geane as se in probleem oplosse moatte. It die bliken dat de earste ideeën faak binne om wat ta te foegjen. Dingen fuorthelje is in opsje dy’t mear muoite kostet om te ferwurkjen. It proses fan ferbettering is meastal basearre op de earste ideeën. Ideeën om dingen te ferwiderjen wurde dêrtroch net útwurke.

It ferwiderjen fan dingen wurdt al makliker as minsken derop wiisd wurde dat dat kin. Yn eksperiminten naam it oanpart minsken dy’t dat dienen dan ta. Sa reparearren mear proefpersoanen in wankel platfoarm troch in blokje derûnder wei te heljen ynstee fan blokjes ta te foegjen. Dochs kaam sa’n fjirtich persint net op dat idee, sels net as it tafoegjen fan blokjes ôfstraft waard mei in lytse jildboete. Sa gau as minsken ôflaat wurde, bygelyks trochdat se twa dingen tagelyk moatte, nimt it oanpart minsken dy’t tinke oan ferwiderjen fluch noch fierder ôf.
De ûndersikers tinke dat de oanstriid om altyd wat ekstra’s te dwaan ien fan de oarsaken fan wurkstress en de miljeukrisis is.
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Nature. In gearfetting is hjir te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje