Priisfraach: toerisme sûnder barriêres yn Nederlânsk en Dútsk Waadgebiet

april 15, 2021 08:46

Om de ûntjouwing fan toerisme sûnder barriêres yn it projektgebiet fan it ynterregionaal projekt Waadaginda te fersterkjen, kundigje de projektpartners in grinskrusende toeristyske priis oan yn in part fan it Nederlânske en Dútske Waadgebiet.

Museum Wierdenland (foto: Bas Meelker)

De priisfraach ‘Toerisme Award Barriêrefrij’ is ornearre foar belanghawwers út de toeristyske sektor yn it projektgebiet (Dútslân: de distrikten Ammerlân, Auwerk, Fryslân, Leer, Wesermarsch en Wittmund, de stêden Emden en Wilhelmshaven; Nederlân: de provinsjes Fryslân en Grinslân). Dêr hearre toeristyske tsjinstferlieners ta: VVV-kantoaren, ferieningen, bestimmingen, kulturele ynstellingen, musea, frijetiidsfoarsjenningen, evenemintebedriuwen en ûnderwiisynstellingen mei in toeristyske fokus.

In betingst foar it projektidee is dat it projekt ferbân hâldt mei barriêrefrij toerisme yn it projektgebiet. Troch wetjouwing foarskreaune maatregels binne dêrby útsletten. It yntsjinne projektidee mei noch net útfierd of yn útfiering wêze.

De trije winners ûntfange as priis in bedrach fan yn totaal 10.000 euro (1e: 5000 euro, 2e: 3000 euro, 3e: 2000 euro) foar de útfiering foar harren projektideeën. Boppedat sille de winners yn it ramt fan de priisútrikking en de marketingaktiviteiten fan de projektpartners oan in breed publyk foarsteld wurde. De winners wurde selektearre troch in sjuery fan sân deskundigen op it mêd fan toerisme, polityk en bedriuwslibben út Dútslân en Nederlân.

It oanmeldingsformulier en de kritearia om dielnimme te kinnen binne te finen op visitwadden.nl/nl/toerisme-prijs. De oanfraachfaze einiget op 7 juny 2021. Sinfolle sketsen, konsepten en foto’s kinne by it oanfraachformulier foege wurde. Der binne gjin kosten foar de oanfregers.

april 15, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.