Ponge kwyt? Yn Fryslân minste kâns om dy online werom te finen

april 24, 2021 08:33

Wa’t yn Fryslân de beurs kwyt rekket, hat net folle kâns om dy online werom te finen. Op de  hûndertûzen ynwenners wurde dêr mar twa pongen online oanmeld. Fryslân is dêryn it leechst ferlike mei oare provinsjes. Dat docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl nei online registraasjes fan beurzen dy’t fûn binne yn Nederlân.

Foto: pixabay.com

Relatyf net folle beurzen oanmeld yn Fryslân
De beurs kwyt reitsje kin elkenien oerkomme. Hoe grut oft de kâns is om dy wer werom te krijen, liket ôf te hingjen fan wêr’t men wennet.

Fryslân skoart fier ûnder it lanlik trochsneed: dy leit nammentlik op acht online oanmelde beurzen op hûndertûzen ynwenners. Friezen kieze faaks foar in mear tradisjonele wize om de ponge by de rjochtmjittige eigner werom te bringen of se binne folle suniger op ’e beurs.

Nearne yn Nederlân wurde minder pongen dy’t fûn binne, online oanmeld as yn Fryslân. Yn Oerisel en Seelân is de kâns om jins beurs online werom te finen ek relatyf leech. Dêr wurde op hûndertûzen ynwenners fiif beurzen online oanmeld. De kâns om jins weitôge beurs werom te finen is dêrfoaroer it heechst yn Noard-Hollân: dêr wurde op hûndertûzen ynwenners fjirtjin beurzen dy’t fûn binne online oanmeld.

1.190 beurzen út 2020 noch sûnder eigner
In part fan de tûzenen werombrochte beurzen waard ôfrûne jier net troch de eigner ophelle. Sa binne yn Smellingerlân en Ljouwert mear as trije beurzen – dy’t ferline jier ferlern waarden – noch net opeaske.

Op it stuit binne mear as 250 gemeenten yn Nederlân aktyf op online platfoarmen foar foarwerpen dy’t weitôge en fûn binne. It ôfrûne jier is yn 75% fan dy gemeenten ien of mear beurzen net opeaske. Yn 12% fan de gemeenten lizze der sels noch tsien of mear pongen op de rjochtmjitte eigner te wachtsjen.

It folsleine ûndersyk mei in oersjoch fan net-opeaske beurzen is hjir te finen.

april 24, 2021 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.