Plan foar Dútske skoallen: Friezen moatte by elk fak behannele wurde

april 13, 2021 14:06

By Ingelsk moat yn it Ingelsk praat wurde oer de Friezen, by Frânsk yn it Frânsk en by ierdrykskunde moat ferteld wurde wêr’t de Fryske minderheid wennet. Dútsk, ekonomy, skiednis, wrâldoriïntaasje – alle fakken krije in taak as it giet om it bekend meitsjen fan it bestean fan de Friezen yn Dútslân. Dat jildt net allinne foar skoallen yn de Frysktalige gebieten yn Dútslân, mar foar elke skoalle yn it lân.

Dat wol alteast de Fryske Rie. Dy organisaasje hat in plan opsteld om derfoar te soargjen dat alle bern yn Dútslân ynformearre wurde oer de offisjele minderheden en harren talen yn it lân. Njonken de Friezen mei it Frysk giet it om it Nederdútsk, Sorbysk, Deensk en Romanes.

It beheljen fan de taalminderheden moat foar alle fakken ferplichte wurde en de stof moat ek yn de eksamens weromkomme, sa skriuwt de organisaasje. Benammen by it skoalfak Dútsk moat der in soad oer de minderheden en harren talen ferteld wurde. Alle leararen moatte neiskoalling krije oer it ûnderwerp.

De Fryske Rie hat it plan hjoed foarsteld op in fideokongres oer de útfiering fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden, dat organisearre is troch it Dútske ministearje fan ynlânske saken. It is hjir te finen.

april 13, 2021 14:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Frysksinnich persoan april 13, 21:11

    Ambisjeus. Bin benijd oft se it dertroch krije. Dan soe Nederlân der raar op stean as wy hjir net meigean soene.

  2. Ed Knotter maaie 4, 12:38

    It ideaal fan yntregraliteit oangeande talen en fakken yn it ûnderwiis soe dêrmei tichterby brocht wurde! Learmiddels (boeken ensfh.) moatte dêr wol by oanslute.
    En Nederlân hat him ek bûn oan datselde Hânfêst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.