Pier Bergsma: De ADHD-academie

april 29, 2021 10:11

It duorret net lang mear of wy hawwe alle lichaamlik en geastlik ûngemak in namme jûn. Dat wol net sizze dat der dan ek altyd in oplossing foar is. Ik behein my ta geastlik ûngemak. Yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw wiene Amerikaanske psychiaters fan betinken dat se in hantlieding hawwe moasten om gekte en oar geastlik ûngemak dúdliker en better te beskriuwen: “Wêr hawwe wy it oer as it om in depresje of psygoaze giet?”

Sa kaam der yn 1952 in earste Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders. Dy hantlieding wie in goed idee, want it betsjutte dat se dermei in ynstrumint hiene om fêst te stellen wat der krekt mei in pasjint te rêden wie. Undertusken is de DSM útgroeid ta in reuseftich boekwurk mei hûnderten kwalen en steurnissen, de DSM 5. Der is in Nederlânske oersetting fan 2017.

It sil hjir net yngean op de beskriuwing fan guon kwalen. Der is in oar nijsgjrrich punt dat omtinken freget en dat is de krityk dy’t der is op it brûken fan dy hantlieding. By de gearstalling binne in soad wittenskippers belutsen dy’t belangen hawwe yn de farmaseutyske yndustrie en it sil jo net fernuverje dat sokke bedriuwen belang hawwe by safolle mooglik kwalen.

Ik behein my ta in ‘kwaal’ dy’t wat langer wat mear foar skynt te kommen: ADHD. Dat giet om bern of folwoeksenen dy’t muoite hawwe om har te konsintrearjen. Se neame it wol Alle Dagen Hiel Drok. Wittenskipper Laura Batstra út Grins hat deroer publisearre. Sjoch bygelyks by ADHD op It Nijs. Sels skreau ik der yn novimber 2018 ûnder oare dit oer:

Batstra hat goed yn ’e gaten dat skoallen en âlden wrakselje mei dy drokke bern, dy’t muoite hawwe om har te konsintrearjen. Dat jout problemen by it learen en it betsjut dat sokke bern net altyd goed terjochte komme. Dochs is it neffens har gjin harsensykte, wat guon ús wiismeitsje wolle. De farmaseutyske yndustry hat der alle belang by om te dwaan as wie it in sykte dy’t men yn goede banen liede kin troch pillen te jaan. Dat gebrûk fan pillen liket Batstra op de lange doer net sûnder gefolgen en sûnder gefaar.

Se freget har ôf hoe’t it komt dat der yn ús tiid sa’n bytsje begryp is foar drokke bern, want it is foar in part normaal hâlden en dragen. It kin net wier wêze dat bern de lêste tweintich jier sa oars wurden binne. Soene skoallen en âlden net fierstente hege ferwachtingen hawwe? De presje om wat te berikken, om de bêste te wêzen, om net út ’e boat te fallen is grut. It is makliker om te sizzen dat jo bern in sykte hat, as dat er (want it binne meastal jonkjes) net sa goed leare kin. It is foar juf makliker om te sizzen dat it jonkje ADHD hat as dat se seit it ek net te witten wat de bêste oanpak is. En net te ferjitten hat de farmaseutyske yndustry der alle belang by.

No lies ik yn de Leeuwarder Courant fan tiisdei 27 april in artikel oer Remko Sterken. Dy hat de ADHD-academie oprjochte. Ien fan syn útspraken jout my te tinken: “(…) maar zonder diagnose krijg je geen verwijzing naar de juiste hulp en dus ook geen financiering.”

Alle gemeenten wrakselje mei de útjeften foar de jeugdsoarch. Se joegen der yn 2019 1,8 miljard mear oan út as dat se fan it Ryk krigen. It skynt dat ien op de tsien jongelju by de jeugdsoarch oanmeld wurdt en der binne lanlik sa’n 6000 oanbieders. De kassa rinkelet. It wurdt heech tiid om op te hâlden mei dy medikalisearring fan (probleem?)gedrach.

april 29, 2021 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.