Perseverance produsearret foar it earst soerstof op Mars
Resint ferskynd
De Amerikaanske Marsrover Perseverance hat soerstof wûn út de koalstofdioksiderike atmosfear fan Mars. It is de earste kear dat soks op in oare planeet slagge is, berjochtet de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA.
It apparaat MOXIE (‘Mars Oxygen In-Situ Resource Utilization Experiment’) generearre neffens NASA genôch soerstof om in astronaut likernôch tsien minuten sykhelje te litten. Trudy Kortes fan NASA prate fan de earste technology dy’t takomstige misjes helpe kin om fan it lân te libjen op in oare planeet.
De atmosfear fan Mars bestiet foar likernôch 95 persint út koalstofdiokside. Dat makket bemanne misjes dreech, om’t astronauten soerstof nedich hawwe. De útfiner fan MOXIE lei út dat it folle praktysker is om in gruttere ferzje fan it soerstofapparaat nei Mars te ferpleatsen as om 25 ton oan soerstof yn tanks mei te nimmen.
Perseverance kaam earder dit jier op Mars oan nei in reis fan sân moanne. NASA koe earder fan ’e wike ek al in oare primeur melde. It slagge doe foar it earst om in helikopter op in oare planeet fleane te litten. (Lês ek dit berjocht.) Dat tastel, de Ingenuity, wie mei de Marsrover meireizge.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje