Oprop om katten nachts binnendoar te hâlden

april 20, 2021 08:19

De earste greidefûgelpykjes komme út it aai. De kwetsbere fûgeltsje trotsearje in protte gefaren en falle ûnder oare ten proai oan katten. Dêrom is de kampanje ‘Piken yn it lân, poes yn ’e koer’ opnij úteinset. “Doch in lytse muoite en hâld jim kat yn de maitiid nachts yn ’e hûs of de skuorre”, ropt inisjatyfnimmer Age de Jong fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) op. Ferskate partijen stypje de kampanje. Fûgelbeskerming Nederlân slút dit jier ek oan en dêrmei komt der ek lanlik omtinken.

Emiel Stoffers (foto: BFVW)

Ut ûndersyk docht bliken dat hús- en pleatskatten nachts kilometers troch de greiden ôflizze. Ynstinktyf deadzje se dan ek warleaze piken fan greidefûgels. RUG-ûndersiker Raymond Klaassen toande yn Grins oan dat katten yn tritich oant fjirtich persint fan de gefallen ferantwurdlik binne foar predaasje fan greidefûgelpiken. De Jong: “Dêrom ús oprop om de katten fan heal april oant en mei juny as it tsjuster is binnen te hâlden.” Neffens de BFVW’er is der grutte maatskiplike druk om wat oan predaasje fan greidefûgels en -piken te dwaan, mar bestriding is lestich en mei faak net. “Minsken kinne sels wat dwaan tsjin predaasje. Dat is hiel simpel: nachts it kattelûk op slot. De buorkerijkatten wat molke en brokken jaan en de skuorredoar ticht. Dêrmei rêde wy in soad greidefûgelpykjes.”

Emiel en Gurbe
Der is foar keazen om it ûnderwerp foar it twadde jier ûnder de oandacht te bringen. In bewustwurdingskampanje hat tiid nedich foar it winske effekt, ferklearret De Jong. “It is in kwestje fan de lange azem.” Yn de nije kampanje binne opnij de haadrollen weilein foar sjonger Emiel Stoffers fan de Hûnekop en de ferneamdste kat fan Nederlân: Abatutu, ofewol Gurbe. Der is ek in webside: poesindemand.nl en in Facebookside: facebook.com/poesindemand.

Foto: BFVW

Sukses
De kampanje wie ferline jier in grut sukses, de filmkes fan Emiel en Gurbe op YouTube binne yn totaal goed 79.000 kear besjoen en de haadfideo op Facebook hie in berik fan goed 182.000 sjogers. Alle dielnimmende partijen wiene entûsjast oer de mannich reaksjes op de kampanje. “Allinnich is it dreech om te mjitten wat it effekt yn de greiden no krekt is.” ‘Piken yn it lân, poes yn ’e koer’ wurdt stipe troch it BFVW, de provinsje Fryslân, de sân Fryske agraryske kollektiven, Kollektiveberied Fryslân, It Fryske Gea, Fryske Miljeufederaasje, Natuermonuminten, Steatsboskbehear en Fûgelbeskerming Nederlân.

Besjoch it earste kampanjefilmke:

april 20, 2021 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.