Opromjen asbestdakken stagnearret

april 7, 2021 11:58

It sanearjen fan asbesthâldende dakken stagnearret. Ferline jier waard 6,7 miljoen meter asbestdak ferwidere. Dat is hast de helte neffens 2018, doe’t yn in jier tiid 12,8 miljoen fjouwerkante meter asbestdak sanearre waard. Dat stiet hjoed yn Trouw te lêzen.

Foto: morguefile.com

It regear wol gau ôf fan tekken dy’t mei kankerferwekkende asbestfibers makke binne. Lykwols is dat sûnder in twingend ferbod of dat eigners finansjeel temjitte kommen wurde, tige yngewikkeld. Dat docht bliken út jiersifers dy’t troch de krante opfrege binne en dy’t ek op de side asbestversnelling.nl nei te sjen binne.

Yn de sifers is te sjen dat sûnt 2014 alle jierren mear asbesttekken ferwidere waarden en yn 2018 de measte. Yn 2019 waarden der al minder fuorthelle en ferline jier noch minder. De webside fan de ferantwurdlike ministearjes jout as wichtichste reden dêrfoar dat it asbestdakkeferbod, dat oanjaan soe dat foar 2028 alle asbestdakken ferwidere wêze moasten, net trochgie.

Under oare koälysjepartners VVD en CDA wiisden it ferbod yn de Earste Keamer ôf, mei’t se twivelen oan de helberens en betelberens fan in asbestdakkeferbod. De partijen fûnen it bûten ferhâlding dat de kosten foar ferfanging folslein by de eigner telâne komme soene. In twadde ferklearring is dat de subsydzje op it sanearjen fan asbestdakken beëinige waard. It ferfangen fan in asbestdak wurdt hieltyd djoerder foar partikulieren en bedriuwen, fanwege de grutte fraach nei minsken yn de bou.

Sûnder it ferbod op asbestdakken liket de driuw om sokke dakken te ferfangen, minder te wurden. Dat is min nijs foar de folkssûnens en it miljeu. Der leit noch hast tachtich miljoen fjouwerkante meter oan âlde asbestdakken op stâlen, fabriken en huzen. It is oant no ta net slagge om in fûns op te setten dat partikulieren jild lient om de dakken te ferfangen. It regear hat dêr oant no ta net genôch stipe foar krige fan belanghawwers lykas de Feriening Nederlânske Gemeenten, LTO, wenningboukorporaasjes en Feriening Eigen Hûs. Allinnich guon provinsjes en gemeenten dy’t mei de problematyk te krijen hawwe, en de bousektor en astbestferwideringsbrânzje giene ferline jier akkoart mei in gearwurkingsplan.

Foar steatssekretaris Van Veldhoven is it útwreidzjen fan it tal dielnimmers in spearpunt, mar it liket der net op dat boeren, eigners en wenningboukorporaasjes har gau by it asbestakkoart oanslute sille. Boppedat moat neffens in nij wetsfoarstel it ferwiderjen fan asbest troch spesjaal sertifisearre bedriuwen útfierd wurde. De kosten foar asbestsanearring sille dêrtroch nei alle gedachten allinnich mar tanimme.

april 7, 2021 11:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.