Omrop Fryslân wint Europeeske priis mei doku oer byld Johan Cruijff

april 30, 2021 08:41

Omrop Fryslân hat in prestizjeuze Europeeske priis wûn foar de Fryslân DOK oer Hans Jouta, dy’t in byld fan Johan Cruijff makket. It Masterstik (The Masterpiece) wûn de Circom 2021 yn de kategory muzyk en keunst. De makkers fan de dokumintêre binne Albert Jensma, Ate de Jong en kameraman Jorrit Meinsma.

Jouta en Cruijff (foto: Omrop Fryslân)

It byld is ûnderwilens al ûntbleate en it stiet yn Amsterdam by de Johan Cruijff Arena, it fuotbalstadion fan Ajax.

De prizen fan de Circom binne foar de bêste produksje fan de regionale omroppen yn Europa. Tritich lannen binne by dy organisaasje oansletten. Dit jier wienen der mei-inoar 191 ynstjoeringen. Neffens it sjueryrapport is It Masterstik in ynspirearjende dokumintêre, dy’t de sjogger dreame lit oer it libben en keunst. De doku fertelt it persoanlike ferhaal fan Hans Jouta dy’t it byld fan Cruijff makket. Yn de tiid fan de opnames ferstoar Jouta syn heit. Hy koe goed mei syn heit en fertelt mei in soad leafde oer him.

“Der ûntstiet in geweldige ûnderfining oer de dream fan in keunstner en syn heit – beiden fans fan fuotballer Johan Cruijff – dy’t resultearret yn in brûnzen byld fan harren idoal: It Masterstik”, sa stiet yn it sjueryrapport. De krêftige manier hoe’t dit ferhaal yn dizze dokumintêre foarmjûn is, hat op de sjuery bot yndruk makke: “De bylden binne tige poëtysk en rezjy, kamerawurk en montaazje binne hiel goed.”

Sjoch de dokumintêre It Masterstik op YouTube.

Keunstner Hans Jouta
Makker Albert Jensma oer syn wurk: “Altyd as ik by Hans wie, fertelde er dat er fielde dat alles – al fan doe’t er in bern wie ôf – yn it teken stie fan de grutte opdracht. Syn masterstik, in soarte fan lêste keunstwurk oer in tiid dêr’t er de moaiste aventoeren mei syn heit yn belibbe.”

“Dat wie foar my in geweldich ferhaal. De leafde fan in soan foar syn heit, de heit dy’t Alzheimer hat en hast deagiet. En dan yn de lêste minút in mienskiplike winsk dy’t útkomt. Dit ferhaal hat my djip rekke, safolle leafde tusken heit en soan. Dat woe ik mei dizze film oan oaren sjen litte.”

Einredakteur Piter Tjeerdsma fynt de priis in prachtige opstekker foar Omrop Fryslân en foar de redaksje fan Fryslân DOK. It is wichtich en it jout in soad enerzjy. Mar benammen foar de makker Albert Jensma fynt Tjeerdsma it moai. “Hy hat it fertsjinne. Hy hat in bysûndere, eigen manier fan sjen en fertellen. It liket sa gewoan, mar it is spesjaal. Dat it gewoane hiel bysûnder wêze kin.”

april 30, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.