Omrop Fryslân fiert en betinkt 75+1 jier frijheid

april 15, 2021 08:49

Op 15 april is it presys 76 jier lyn dat Fryslân befrijd waard. Dit jier wurdt de frijheid grut betocht en fierd yn ús provinsje, ûnder de neamer 75+1. Omrop Fryslân jout oant en mei 6 maaie rom omtinken oan alderhande projekten en aktiviteiten yn it ramt fan de befrijing. Fan live-útstjoeringen en podcasts oant muzyk.

Foto: Omrop Fryslân

Ferline jier soe Omrop Fryslân grut útpakke yn it ramt fan 75 jier frijheid, mar troch corona giene tal fan aktiviteiten net troch. Dit jier binne der spitigernôch noch altyd gjin mooglikheden om fysyk gear te kommen, mar Omrop Fryslân komt mei in coronaproof en fol programma.

Befrijingskonsert
Op freed 16 april stjoert Omrop Fryslân it Befrijingskonsert om 15.00 oere live út. It konsert kin sa op telefyzje en online meibelibbe wurde. Ljouwerter stedsoargelist Theo Jellema sil it oargel bespylje en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hâldt in taspraak.

4 en 5 maaie
Omrop Fryslân stjoert de Deadebetinking op 4 maaie út, rjochtstreeks út de Prinsentún yn Ljouwert wei. Foarsitter fan de provinsjale betinking, Sybrand Buma, sprekt dêr de betinkingsrede út. De Fryske Ambassadeur fan de Frijheid De Kast soarget foar de muzikale begelieding.

Wa’t it festivalgefoel ûnderfine wol, moat op Befrijingsdei ôfstimme op Omrop Fryslân. Fan 17.15 oere ôf stjoert Omrop Fryslân in live-útstjoering fol ynterviews en reportaazjes út. It programma is folle mei muzikale bydragen fan Tino Martin, Davina Michelle, De Kast, Wulf, Boaz, Electric Hollers en Wiebe Kaspers. In unike gearwurking tusken Omrop Fryslân en it Bevrijdingsfestival Fryslân, út de Harmonie wei.

Live-útstjoering 75 jaar Stichting Friesland 1940-1945
Dit jier bestiet ‘Stichting Friesland 1940-1945’ 75 jier. Yn it liveprogramma, dat op 6 maaie om 16.00 oere útstjoerd wurdt, sjogge Arno Brok en Sybrand Buma werom op de ôfrûne 75 besteansjierren fan de stifting. Sy sille ek it tinkteken dat spesjaal foar de stifting makke is, yn de Blokhúspoarte ûntbleatsje .

Joadske ‘smokkelbern’
Yn de lêste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch binne hûnderten Joadske bern yn it geheim nei Fryslân smokkele. By Fryske famyljes fûnen se in feilich ûnderkommen en oerlibben se de oarloch. It ferhaal fan dy ‘smokkelbern’ fertelt Omrop Fryslân mei in fiiftal Fryslân DOK’s, in live-útstjoering én in podcastrige.

Sjoch foar in oersjoch fan alle datums en aktiviteiten op www.omropfryslan.nl/75plus1.

april 15, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.