Ofskied en ynstallaasjes by Provinsjale Steaten

april 21, 2021 14:12

Yn de Steategearkomste fan 21 april hawwe Provinsjale Steaten ôfskied nommen fan Sybren Posthumus (FNP), Romke de Jong (D66) en Michiel Schrier (SP). Se wurde opfolge troch Gerben van der Mei (FNP), Danny van der Weijde-Hoogstad (D66) en Peter van Noort (SP).

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Gerben van der Mei (1957) wennet yn Tsjummearum en wurket as selsstannich belestingadviseur. Danny van der Weijde (1988) wennet yn Lippenhuzen en hat in juridysk advysburo op it mêd fan IT & Privacy. Peter van Noort (1961) wennet yn Hollum. Dat makket him it earste Steatelid dat op ien fan ‘e eilannen wennet. Hy wurket as beliedsamtner by de gemeente Dantumadiel.

Fanwegen nije útdagings hâldt Sybren Posthumus op as Steatelid. Posthumus wie sûnt 2011 Steatelid foar de FNP. Romke de Jong waard in pear wike lyn ynstalleare as lid fan de Twadde Keamer en ferlit dêrom de provinsjale polityk. Michiel Schrier wie deputearre fan 2015 oant 2019 en sûnt 2019 fraksjefoarsitter foar de SP yn Provinsjale Steaten. Yn maaie wurdt hy ynstalleare as de nije boargemaster fan Flylân.

april 21, 2021 14:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.