Ofrûne wykein hast 200.000 bijen teld

april 19, 2021 09:37

By de Nasjonale Bijetelling is ôfrûne wykein in rekôrtal bijen teld. Minsken kinne noch oant jûn 20.00 oere harren resultaten trochjaan, mar de teller stiet no al op goed 185.000 imen. De huningbij waard it faakst sjoen.

Foto: pixabay.com

Ofrûne wykein wie de fjirde edysje fan de Nasjonale Bijetelling, in inisjatyf fan ûnder mear museum Naturalis en Natuer & Miljeu. Nederlanners waarden oproppen om in healoere imen te tellen yn ’e tún of op it balkon. Goed tûzen minsken diene mei, likernôch krekt safolle as ferline jier. It tal telde bijen is wol gâns heger as doe: ferline jier waarden sa’n 130.000 bijen teld. De taname hat foar in part te krijen mei mear omtinken foar bijen. In protte gemeenten hawwe harren meanbelied ferbettere en túneigners hawwe ek mear omtinken foar in natuerlike en bijerike tún.

De huningbij is al jierren de meast foarkommende bij yn de Nederlânske tunen. Ofrûne wykein waard er mear as 50.000 kear teld. Dêrnei folget de osmia bicornis en de ierdholder, dy’t beide likernôch 12.000 kear sjoen waarden.

Lês ek dit berjocht: Wêrom hawwe wy bijen nedich?

april 19, 2021 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.