Wykoersjoch koroanasifers 26 maart oant en mei 1 april 2021 

april 4, 2021 15:45

De ôfrûne wike  wiene de Fryske koroanasifers aardich stabyl: 1650 nije besmettingen tsjin1658 yn de wike dêrfoar. Der waard wat minder test en pript.

De measte besmettingen foelen ûnder de 18- oant 30-jierrigen. Dy groep lit him ek it measte teste. Under de 12- oant 18-jierrigen namen de nije besmettingen it meast ta: fan acht persint fan it totaal oantal besmettingen yn Fryslân nei alve persint. Under tritigers en fyftigers naam it oantal ek ta. Under sechstigers sakke it fan tsien nei sân persint.

Sifers
De 1650 nije besmettingen meirekkene komt it totaal tal besmette ynwenners no op 33.007. Derr stoaren ôfrûne wike sân minsken oan koroana (wie nea earder sa leech) en 18 moasten nei it sikehûs (de wike derfoar 11).

De gemeentlike sifers (tusken heakjes de wike dêrfoar)
Súdwest-Fryslân 313 (309), Ljouwert 247 (222), De Fryske Marren 156 (186), Noardeast-Fryslân 155 (162), Smellingerlân 129 (161), Waadhoeke 112 (128), It Hearrenfean 97 (75), Eaststellingwerf 92 (77), Tytsjerksteradiel 90 (63), Weststellingwerf 64 (69), Dantumadiel 56 (72), Achtkarspelen 56 (41), Opsterlân 46 (56), Harns 30 (30), Skylge 5 (5), Skiermûntseach 1 (2), Amelân 1 (0) en Flylân 0 (0).

april 4, 2021 15:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.