Oerol giet dit jier oer

april 22, 2021 12:38

It Oerol Festival 2021 kin fanwege de koroanamaatregels net trochgean. De organisaasje hat dat beslút nommen yn oerlis mei de gemeente Skylge, de Feilichheidsregio Fryslân, de soarch en de plysje op it eilân.

Lange tiid wie de organisaasje derfan oertsjûge dat Oerol 2021 yn fysike foarm trochgean koe, feilich foar it eilân, besikers, makkers en meiwurkers. Mar dat wie op betingst dat der ferbettering yn de koroanasituaasje wêze soe. Mei it each op de druk op ûnder oare plysje en soarch is it net ferantwurde om yn juny it festival op Skylge te organisearjen.

Yn it belang fan de fuortgong fan de artistike ûntwikkeling sil mei in oantal makkers yn de perioade fan 16-20 juny in Oerol Laboratoarium oer it begryp lokaasjeteater holden wurde (binnen de mooglikheden dy’t it iepeningsplan fan de oerheid talit).

It folsleine programma fan Oerol 2021 is al taret. Repetysjes binne al begûn. De organisaasje begrypt de teloarstelling by elkenien dy’t nei it festival útseach. De kommende tiid stiet yn it teken fan de ôfhanneling fan ôfspraken dy’t mei meiwurkers, makkers en besikers makke binne, om dêrnei in plan te meitsjen foar wat wol kin. It online programma fan It Imazjinêre Eilân sil hoe dan ek trochgean.

Minsken dy’t al in tagongsbantsje foar it festival kocht ha, krije meikoarten it jild op harren bankrekken weromstoart.

april 22, 2021 12:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.