Oerbrêgingskonsesje iepenbier ferfier

april 22, 2021 07:48

Takomme jier 10 desimber rinne de hjoeddeistige buskonsesjes yn Fryslân ôf. Troch de koroanapandemy is it ûnwis hoe’t in nije konsesje der útsjen moat.

Foto © Provinsje Fryslân

De provinsje wol yn de takomst ek in sa goed mooglik iepenbier ferfier oanbiede. Dêrom freget it kolleezje fan Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten om akkoart te gean mei in oerbrêgingskonsesje fan twa jier ta. Dêrnei kin it busferfier wer foar in langere perioade oanbestege wurde en kin Arriva goed op de situaasje 2023 en 2024 ynspylje.

Neffens de hjoeddeistige ferwachtingen is net foar te kommen dat de omfang fan de tsjinstregeling ôfnimt, ek omdat der minder jild beskikber is. Yn de hjoeddeistige konsesjes rydt Arriva alle jierren 615.398 tsjinstregelingsoeren (DRU’s). Troch koroana is dat op it stuit tsien persint minder. Neffens in prognoaze fan Arriva soe dat yn de oerbrêgingskonsesje noch fierder ôfnimme kinne oant 530.000 DRU’s of sels 475.000 DRU’s, mar der is noch neat wis.

It giet om foarriedige ferwachtingen. “Hoe’t it  krekt wurde sil, stiet noch net fêst en dêr binne wy mei Arriva oer yn petear. Fêst stiet wol dat wy de reizger hieltyd sa goed mooglik betsjinje wolle”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

april 22, 2021 07:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.