Aant Mulder: Oer pups en kittens

april 6, 2021 07:00

Kollum

Falt it jimme ek op? Wy prate oer baby-eintsjes, bisten dy’t yn ferwachting binne, kealtsjes dy’t berne wurde en mear fan dat soarte fan dingen. Wêrom dogge we dat? Wy ha dêr ommers prachtige eigen wurden foar, wurden dy’t by dy bisten passe. Wy hoege de wurdboeken der mar op nei te slaan.
It soe komme kinne om’t we de wenstige wurden kwytreitsje. Wy witte ommers hieltyd minder ôf fan it deistich libben op boerepleatsen fan earder en no. It bûthúsbankje dêr’t soks bepraat waard, is der net mear. Dêr komt by dat de grutte oantallen bisten de ôfstân tusken bisten en minsken hieltyd grutter makket. No’t we de gewoane nammen en beneamingen kwytreitsje of al kwyt binne, ha ik it gefoel dat we wurden brûke dy’t ornaris ornearre wiene foar minsken en net foar bisten.

Foto © Aant Mulder

Der is noch wat. Ik tink wolris dat it ferdwinen fan dy agraryske taal mei twa dingen te krijen hat. Yn ’t foarste plak ha we dus hieltyd minder mei de agraryske wrâld te krijen. Dat is dúdlik. Dêrfoaroer stiet dat de kontakten mei in hieltyd gruttere groep húsdieren hieltyd hechter wurdt. Guon bisten wurde as bern behannele, bepopke. Dêr komt it grif mei troch oer hoe’t der oer dy bisten praat wurdt. It binne twa omstannichheden dy’t meitsje dat we oer bisten krekt as oer minsken prate. Gearfette: de ôfstân tusken grutte groepen bisten op distânsje en de folle lytsere groep húsdieren tichteby meitsje dat it suver utersten wurde.

Yn wat âldere stúdzjeboeken fine we fan alles en noch wat oer bistenammen en it beneamen fan de bistewrâld, sa’t dy eartiids gongber wiene en eins no ek noch wêze moatte soene. Ik begjin mar mei dat baby-gedoch. Dat kin fansels hielendal net. Dat soene op syn minst poppen wêze moatte. Dat wurd brûke we lykwols hieltyd minder, ek as it om lytse berntsjes giet. Mar wêrom soene we net gewoan prate oer: keal en kealtsje, laam en lamke, fôle en fôltsje en eine- en hinnepiken.

It binne mar in pear foarbylden, mar sa seine we soks eartiids. Sokke lytse bisten wurde no hieltyd faker berne. Dat doocht fansels net. Aaien komme út, bisten krije jongen. Ik lês yn teksten dat dy bisten hieltyd faker befalle. Dat doocht fansels ek net. In ko keallet en dan ha we it oer in kokeal of bollekeal. Hynders smite en dan ha we it oer fôlen. Skiep en geiten lamje, lamje ôf of jongje en dan ha se in laam of lamkes. In oar foarbyld: In baarch bigget, jonget. As we dat fan de oare kant besjogge, kinne we sizze dat de boer in kealtsje, fôle of biggen fangt of heint.

Jonge hûnen en katten, dat binne no fansels pups en kittens

Bisten binne ek net yn ferwachting, mar drachtich of foal. Dat bringt my by mantsjes en froutsjes. Is it in mantsje of in froutsje/wyfke, hear ik gauris minsken freegjen. Dat kin, mar as se grutter binne, soene we it ha moatte oer in rikel of in teef, in poes of in boarre. Jonge hûnen en katten, dat binne no fansels pups en kittens. Krekt as by babys kinne we langer net mear ta mei Fryske en net iens mei Hollânske nammen. Nee, It moat op syn Ingelsk. Dat hat grif te krijen mei dy nauwe bân tusken minsken en húsdieren, de moaiste namme en de moaiste beneaming is net moai genôch.

Noar. Foto © Aant Mulder

Foar guon oare bisten brûke we noch wol de gongbere beneamingen. Dat binne bisten dêr’t we in wat lossere bân mei ha, mar dy’t we noch wol kenne. Ik tink oan hinnen en hoannen, geiten en bokken, kij en bollen. Gauris brûke we de mantsje- en wyfkenammen. Dat neamde ik al. In moai foarbyld: mantsje- en wyfke-einen. Dat binne fansels jerken en einen. Mar sa’t ik al sei, wat grutter de distânsje tusken minsken en bisten, wat lestiger it wurdt om de goede nammen te brûken. Wa wit noch wat in ei en in raam is, of in sûch en in bear. No sa, dat bedoel ik.

Dy gruttere distânsje betsjut ek gauris dat it om grutte oantallen giet, dy’t yn hiele grutte stâlen holden wurde. Dêr steane in pear dingen sintraal. It moat allegearre sa goedkeap mooglik, want der moat fertsjinne wurde. As we nei barge- en geitestâlen, hinne- en einestâlen sjogge, kinne we net oan dy gedachten ûntkomme. Wy wolle leaver net witte wat der allegearre yn dat soarte fan stâlen bart. It liket op yndustry en yndustriële produksje. Aldergelokst binne der sa stadichoan hieltyd mear partijen en ynstânsjes dy’t foar dy bisten opkommen. Wy wurde dêr allinne mar ûngemaklik ûnder as der sykten útbrekke, lykas tongblier, Q-koarts of as grutte stâlen yn de brân fleane en as hûnderten of sels tûzenen bisten omkomme.

Dat stiet allegearre yn grut kontrast mei de bisten om ús hinne. Dêr dogge we hieltyd mear foar. It bêste is net goed genôch. Se ha gauris eigen meubilêr en boartersguod, it fretten wurdt mei soarch keazen, de gong nei de bistedokter, fersekeringen, begraven en kremearjen, it heart der allegearre by. Wylst nammen as Antsje 4 en Clara 32 hieltyd mear ferdwine, wurde nammen fan húsdieren faker deselde nammen as dy’t yn húshâldingen gongber binne. Neat op tsjin, mar ik soe wol graach wolle dat alle bisten in bettere behanneling krije soene.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon3 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 6, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.