Oarstaligen soene yn ’e takomst ek Sealterfrysk ûnderwize moatte

april 28, 2021 08:50

De nije Oarbaidskring Seeltersk beprate ôfrûne moandei yn syn earste gearkomste de situaasje fan de Sealterfryske taal yn ’e klasse. Dy is hiel ferskillend yn de ferskate Sealterlânske skoallen en beukerskoallen. Op guon skoallen en beukerskoallen bestiet de winsk om mear tiid oan it taalûnderwiis te besteegjen as de hjoeddeiske ekspertize fan it ûnderwizend personiel talit.

Besletten is dat de taalmienskip in gruttere groep Sealterfryske minsken nedich hat dy’t taal op frijwillige basis of as ûnderdiel fan harren ûnderwiisaktiviteiten op skoallen en beukerskoallen ûnderwize kinne. Om’t der net genôch minsken te finen wiene ûnder de memmetaalsprekkers, besleat de Oarbaidskring om net-memmetaalsprekkers op te lieden. Dy trening wurdt jûn nei de koroanaûnderbrekking fan de taalkursussen.

Wolter Jetten (eigen foto)

Fjouwer belangstellenden mei passive taalfeardigens hawwe har al oanmeld. Under harren is frou Marion Erdmann fan Scharrel. De pinsjonearre learares is ôfrûne simmer nei in lang ferbliuw yn it bûtenlân weromgien nei har Sealterlânske thúslân en wol har no dwaande hâlde mei it Sealterfrysk en de oerdrach fan de minderheidstaal.

Wolter Jetten presintearre de Oarbaidskring in kursusstruktuer basearre op Europeeske standerten. Dat moat minsken mei in hiel oare basiskennis by steat stelle om op heech nivo it Sealterfrysk te learen. De hear Jetten is de auteur fan in selsstúdzjeboek foar it Sealterfrysk. Mei Henk Wolf, wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by de Oldenburgische Landschaft, stelde er de wurkgroep foar om de oprjochting fan in taleynstitút te stypjen, sadat it ûnderwiisoanbod yn ’e takomst net ôfhingje sil fan de inisjativen fan yndividuen.

Henk Wolf (eigen byld)

De Oarbaidskring ropt minsken dy’t lesjaan wolle yn it Sealterfrysk noch hieltyd op om har te melden op it gemeentehûs. Taalkursussen wurde oanbean oan minsken mei in beheinde kennis fan it Sealterfrysk. Der wurde koarte didaktyske kursussen jûn foar Sealterfryske sprekkers sûnder ûnderwiisûnderfining. De Oarbaidskring konstatearre dat de Sealterfryske lessen swier ûnder de koroanaûnderbrekking lijd hawwe. Troch de ôfwikseljende ynstruksje wie it ûnmooglik om de Sealterfrysktaligen en de Dútsktalige skoalklassen ôfsûnderlik les te jaan.

Mei’t de tastimming fan alle âlden fereaske is foar de taallessen, mocht allinnich standert Dútsk as ynstruksjetaal brûkt wurde. Henk Wolf omskriuwt it as ‘net yn oarder’ dat de swakste ynstruksjetaal yn krisissituaasjes om juridyske redenen belies jaan moat. Hy seit: “It brûken fan minderheidstalen moat troch de wet oanmoedige wurde ynstee fan oan bannen lein. Foaral yn tiden fan druk moatte bedrige talen lykas it Sealterfrysk foarrang krije fan de wetjouwer.”

april 28, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.