Noch efkes geduld: dit wurdt de datum dat de winkels en terrassen wer iepen meie

april 11, 2021 21:34
Foto: Unsplash

De tredde koroanaweach is noch net foarby, mar de ein is wol yn sicht. Dat hat de Nederlânske Ryksfoarljochtingstsjinst buorkundich makke. De jûnsklok en de tichtplicht duorje net lang mear. Minister fan folkssûnens Hugo de Jonge hat ek in datum neamd dat it lân wer fan ‘e skoattel kin: winkels en terrassen meie dan wer iepen.

Earder waard 21 april yn ‘e media al neamd, mar dat is te betiid. Sikehuzen hawwe genôch bêden, mar te min personiel om alle pasjinten te bêdzjen. Der is in protte sykte, omdat dokters en ferpleechsters hurd wurkje moatte en omdat se faak test wurde op it koroanafirus – en by klachten of in positive útslach thús bliuwe moatte. Op it stuit lizze sa’n 2500 koroanapasjinten yn Nederlânske sikehuzen. Fan harren lizze 750 minsken op yntinsive soarch.

De Jonge hat no 28 april neamd, in wike letter dus, as datum dat it gewoane libben foar in grut part wer op gong komme kin.

april 11, 2021 21:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.