NNO mei fioeliste Simone Lamsma live by Omrop Fryslân

april 22, 2021 08:56 Fernijd

Twa masterwurken fan Mozart en Sibelius steane sintraal by in konsert fan it Noord Nederlands Orkest op tongersdei 22 april. De Fryske topfioeliste Simone Lamsma solearret yn Mozarts Konsert foar fioele en orkest no. 4. Dêrnei liedt de Portugeeske dirigint Nuno Coelho de Fiifde Symfony fan Sibelius. It konsert is fan 20.00 oere ôf live te folgjen op telefyzje, en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Simone Lamsma en Nuno Coelho (foto: B-Visuals Fotografie)

Mozart & Sibelius
Mozart skreau syn fiif fioelekonserten al doe’t er njoggentjin wie. Fioelekonsert nr. 4 hat in bjusterbaarlike solopartij; krekt wat foar Simone Lamsma.
De Fiifde Symfony fan Sibelius is amper te fergelykjen mei oare symfonyen; muzyk fan in grutske Fin dy’t it leafst yn de ôfsûndering fan syn lânhûs komponearre. Dizze symfony is in lofsang op it libben – Sibelius wie krekt wer better nei in slimme sykte – én in earbetoan oan de Finske natuer.

Simone Lamsma
Simone Lamsma begûn mei fioelespyljen doe’t se fiif wie en studearre fan har alfde ôf yn Ingelân. Sy makke as fjirtjinjierrige har solodebút by it NNO, en is yntusken útgroeid ta in wrâldstjer. Se joech mear oaren konserten mei it Koninklijk Concertgebouworkest, London Philharmonic Orchestra, Hong Kong Philharmonic Orchestra en New York Philharmonic Orchestra.

Nuno Coelho
Nuno Coelho studearre fioele yn Klagenfurt en Brussel en orkestdireksje oan de Zürcher Hochschule der Künste. Hy wie ûnder mear assistint-dirigint fan it Nederlands Philharmonisch Orkest, dirigearre de Los Angeles Philharmonic as Dudamel Fellow en waard yn 2018 beneamd ta fêste gastdirigint fan it Orquestra Gulbenkian yn Lissabon.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsert, fioeliste en dirigint op: nno.nu/concert/mozart-sibelius.

NNO-konsert op telefyzje en online
It konsert op tongersdei 22 april yn De Lawei yn Drachten is fan 20.00 oere ôf live te folgjen op telefyzje en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

april 22, 2021 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.