Nijpels seit dat boeren “de grûn besette”

april 10, 2021 21:23

Jierrenlang wie Ed Nijpels kommissaris fan de kening(inne) yn lânbouprovinsje Fryslân. In boerefreon is er der net troch wurden. Freed sei er yn it telefyzjeprogramma Op1 dat boeren it lân “besette”. Neffens him kin yn Nederlân de grûn better foar huzebou brûkt wurde.

Jort Kelder neamde lânbougrûn ek “inefficiënt grondgebruik”. Caroline van der Plas, it nije Twadde Keamerlid fan de partij BBB sei dat dat krekt skande wêze soe fan de fruchtbere grûn en de ekspertize as Nederlân syn boerekultuer opofferje soe.

Der wurdt op ‘t heden wakker praat oer de bou fan in hiel soad ekstra huzen. It Deltaplan voor het noorden wol dat Noard-Nederlân ek fol mei huzen komt te stean, omdat de Rânestêd hast folboud is. Wat dat docht mei it lânskip en de regionale talen en kultueren makket dêrby net út.

april 10, 2021 21:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.