Nijkleaster Jorwert earet Jentsje Popma

april 11, 2021 08:57 Fernijd

De Stifting Nijkleaster jout dit jier bysûnder omtinken oan Jentsje Popma. Dy Ljouwerter skilder, glêswurker en byldhouwer is op 30 september 1921 berne en hopet dit jier hûndert jier te wurden.

Jentsje Popma yn syn atelier (boarne: Stifting Nijkleaster)

Nijkleaster, dat in protte oan Popma te tankjen hat, earet de keunstner yn dit jubileumjier mei in boek oer it libben en wurk fan Jentsje Popma en twa útstallingen: in oersjochsútstalling yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert en oanslutend in ferkeapútstalling yn de tsjerke fan Jorwert.

Ofrûne freed wie de ôftraap fan de aktiviteiten mei de presintaasje fan it nije logo fan Nijkleaster, basearre op it keunstwurk de Hysteblom fan Jentsje Popma, en de start fan de foarkeap fan it boek oer Popma. It filmke fan de ôftraap is te sjen op de webside nijkleaster.frl/jentsje-popma-100.

Foarferkeap boek
Ein maaie ferskynt by útjouwerij Noordboek it boek Jentsje Popma, kunstenaar met een missie. Dêr beskriuwt Erik Betten it libben yn fan Jentsje Popma as keunstner yn de maatskiplike en artistike kontekst. De ferskate aspekten fan Popma’s wurk wurde behannele troch Susan van den Berg, konservator fan Museum Belvédère. En Jan Henk Hamoen giet op de bysûndere bân tusken Popma en Nijkleaster yn. De twadde helte fan it boek omfettet in seleksje fan 75 ôfbyldingen, dy’t it wurk fan Popma yn al syn ferskaat sjen lit.

It boek is no al yn foarferkeap te bestellen op nijkleaster.frl/jentsje-popma-100. As tank krije iere keapers in set fan seis aansichtkaarten mei skilderijen fan Jentsje Popma kado. De aksje jildt oant 15 maaie 2021. De presintaasje fan it boek is op 29 maaie 2021, mei de iepening fan de oersjochsútstalling fan Jentsje Popma yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert.

De útstalling yn de Grutte Tsjerke is de hiele simmer tsjen, fan tiisdei 1 juny oant en mei sneon 2 oktober 2021. Tagong fan de útstalling is ôfhinklik fan de dan jildende koroanamaatregels. Der binne 45 skilderijen en tekeningen te sjen, benammen fan partikuliere eigners, foto’s fan gruttere wurken as ruten, reliëfs en stânbylden, en nijsgjirrige objekten yn de fitrine en in diapresintaasje. De iepening is op sneon 29 maaie troch Hein Kuiken, wethâlder fan Ljouwert. Muzikale meiwurking ferliene Janna van der Honing (sang) en Herman Woltman fan Souldada, mei wurk ynspirearre op de skilderijen fan Popma.

Op 30 septimber hopet Nijkleaster bysûnder omtinken oan de hûndertste jierdei fan Jentsje Popma jaan te kinnen, as it kin ek yn de Grutte Tsjerke.

Ferkeapútstalling
Oanslutend oan de simmerútstalling is der in grutte ferkeapútstalling fan wurk fan Jentsje Popma yn de tsjerke fan Jorwert, op 9 en 10 oktober 2021.

Oer Jentsje Popma
Jentsje Popma hat, foaral yn Fryslân, in grut tal keunstwurken ferfeardige troch ferskate iepenbiere gebouwen as skoallen, gemeentehuzen en tsjerken: frijsteande bylden yn brûns, reliëfs yn metaal en sjamotteklaai, en ruten yn glês-yn-lead of sânstriele glês. Dêrneist makke er in protte skilderijen fan lânskippen, diken en it Waad. Hy wie tige behelle by in duorsume omgong mei it lânskip om ús hinne. Al mei al hat er in enoarm oeuvre. Ut erkentlikheid foar syn wurk ferliende de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd him de Pommerantepriis 2007.

Oer Nijkleaster
Stifting Nijkleaster yn Jorwert is ûntstien op inisjatyf fan ds. Hinne Wagenaar (predikant fan de tsjerklike gemeente Westerwert en Sietske Visser. Hja binne yn oktober 2012 úteinset mei de aktiviteiten yn de Redbadtsjerke yn Jorwert, mei ûnder oare de wyklikse kleasterkuier op woansdeitemoarns, temasneonen en fieringen op snein.

Dit jier begjint de realisaasje fan in nij kleasterkompleks: de restauraasje fan de âlde pleats op Westerhûs yn Hilaard ta kleastergebou en de nijbou fan njoggen gastekeamers en trije wenten foar de takomstige fêste bewenners. Dêr kinne minsken in wykein, midwike, wike of langer bekomme en meilibje op it ritme fan de kleasterbewenners. De tsjerke yn Jorwert bliuwt de basis fan de hjoeddeiske aktiviteiten.

Sjoch ek op www.nijkleaster.frl.

april 11, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.