Nije poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân: ‘Spegel’

april 26, 2021 08:59

It gedicht ‘Spegel’ is troch Nyk de Vries skreaun foar de ôftraap fan it projekt ‘Wjerspegelje’ fan Merk Fryslân en Ljouwert City of Literature.

Spegel

dêr stean ik wer
mei de hannen ûnder de kraan

inkeld in pear tellen duorret it
en toch far ik samar in ein hjirwei

wylst rûnom de wrâld raast en rabbet
en ús sa’t it skynt tsjinoer inoar set

lit ik graach it seil even sakje
om my yn ‘e lijte
oan dyn eachwink

oer te jaan

Nyk de Vries | Dichter fan Fryslân

 

april 26, 2021 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.