Nije Keamerfoarsitter: Arib, Bosma of …?

april 5, 2021 15:19
De Twadde Keamer (foto: Wikipedia/Husky – CC BY 4.0)

Wa sit aansen de Twadde Keamer fan ‘e Nederlânske Steaten-Generaal foar? De notiidske foarsitterske Khadija Arib (PvdA) wol jerne troch. Hja kriget in soad wurdearring foar har styl fan foarsitterjen.

Moandei hat him in oare gadingmakker oanjûn: Martin Bosma (PVV). Dy is al ferfangend Keamerfoarsitter en hat yn 2016 ek in smeet op it foarsitterskip dien, mar doe ferlear er fan frou Arib. Bosma skriuwt op Twitter dat de Keamer “niet meer als lammetje van het kabinet, maar als leeuw van het dualisme” fungearje moat. Yn ‘e diskusje oer de formaasje waard ôfrûne wike gauris sein dat de ôfstân tusken regear en folksfertsjintwurdiging yn Nederlân te lyts is.

It befoarderjen fan it dualisme is foar it earst ek mei safolle wurden opnommen woarn yn ‘e taakomskriuwing fan ‘e nije Keamerfoarsitter.

Op it stuit binne der gjin oare kandidaten. Dy kinne jit komme: de stimmerij is earst woansdei. Nammen fan mooglike nije foarsitters dy’t yn ‘e parse opdûkt binne, binne dy fan Vera Bergkamp (D66) en Ockje Tellegen (VVD). Neffens de oantekens fan ‘e ferkenners is VVD-fraksjelieder net in foarstanner fan syn partijgenoatske frou Tellegen op ‘e foarsittersstoel, mei’t der dan “te veel VVD” op kaaiposysjes komme soe.

april 5, 2021 15:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frans Kuipers april 5, 21:20

    Ik tink dat Bosma it net wurdt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.