Nije brêge Baard hast klear
Resint ferskynd

Dekemabrêge Baard. Foto © Provinsje Fryslân
Baard kriget in nije brêge oer de Boalserter Feart. De âlde wie nei mear as njoggentich jier ten’ein. Yn ’e mande mei it doarp is besletten dat de nije brêge net op de foarige, mar op de foarfoarige lykje moat en dat er Dekemabrêge komt te hjitten. It wurdt in stielen flapbrêge neffens it ûntwerp fan foar 1930. Mei de ferbouwing is yn oktober in begjin makke. Brêgedek en bewegingswurk binne der al in pear wike en juster is de nije boppebou teplak set. As de elektroanyske ynstallaasje yn oarder is kin er wer brûkt wurde. Dat sil juny wurde. Salang kinne rinners en fytsers de tydlike brêge brûke en moat it oare ferkear fan en nei Winsum omride oer de provinsjale Froonackerdyk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje