Nij Nederlânsk koroanafaksin hjoed beskikber

april 12, 2021 18:26
Foto: pixabay.com

Der is in nij faksin op ‘e merk om de koroanasykte foar te kommen. It is ûntwikkele yn Nederlân. It hat grutte foardielen op de oare beskikbere faksins en sil as earste oan soarchmeiwurkers jûn wurde.

It faksin is makke troch it bedriuw Janssen yn it Súd-Hollânske Leien. Hast tachtichtûzen faksins binne hjoed levere. Krapoan de helte dêrfan is foar de soarchmeiwurkers, sadat de sykteútfal yn sikehuzen en rêsthuzen minder wurdt.

De bywurkings fan it faksin binne minder as dy fan AstraZeneca en it hat it foardiel op de mRNA-faksins fan Pfizer en Moderna dat der mar ien kear foar spuite hoecht te wurde. Boppedat is it relatyf maklik te bewarjen.

It faksin fan Janssen kin de koroanasykte yn 66 persint fan de gefallen foarkomme en yn 85 persint fan de gefallen foarkomt it dat in besmetting laat ta slimme swierrichheden mei de sûnens.

april 12, 2021 18:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.