Nedersaksyske nammen yn East-Dútslân op apart buordsje

april 1, 2021 08:16

Sa moat it der yn Mecklenburg-Vorpommern útsjen: de Nedersaksyske namme op in lyts buordsje ûnder it offisjele boerd (ôfbylding: ministearje fan enerzjy, ynfrastruktuer en digitalisearring fan Mecklenburg-Vorpommern)

Plakken yn de East-Dútske dielsteat Mecklenburg-Vorpommern dy’t yn it Nederdútsk oars hjitte as yn it Heechdútsk, kinne de Nederdútske namme tenei by de yngongen fan it plak oanjaan. Dat mei lykwols net op it giele plaknammeboerd dat yn Dútslân offisjeel is. Der moat in wyt buordsje mei in blauwe râne ûnder it offisjele boerd komme dêr’t de plaknamme yn it Nederdútsk op stiet. Dat is dizze wike buorkundich makke.

It Nederdútsk, de Noard-Dútske foarm fan Nedersaksysk, hat yn ferskate dielsteaten in offisjele status. Guon dielsteaten steane ta dat de Nederdútske namme op it giele boerd komt, mar dan wol yn lytsere letters ûnder de Dútske namme. Yn Mecklenburg-Vorpommern wie dêr oant no ta neat foar regele.

Neffens de dielsteatminister fan ferkear is de nije regel der benammen foar ornearre om derfoar te soargjen dat de jongste generaasje de Nedersaksyske nammen net ferjit. Yn bygelyks East-Fryslân yn de dielsteat Nedersaksen wurde de Nedersaksyske nammen mear as in teken fan libbene kultuer sjoen dy’t net weistoppe wurde moat.

april 1, 2021 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.