Nederlânske universiteiten fiere aksje yn De Haach
Resint ferskynd
It heger ûnderwiis stiet ûnder druk en de wittenskiplike reputaasje fan Nederlân stiet op it spul. Dat sizze heechleararen, studinten en meiwurkers fan Nederlânske universiteiten. Hja fiere hjoed aksje yn De Haach om’t der neffens harren te min jild en tiid foar goed ûnderwiis is.
De universiteiten sizze dat it jild dat sy ûntfange net neffens de stiging fan it tal studinten is. Neffens de Feriening fan Universiteiten (VSNU) rint de ryksbydrage de studint al jierren tebek. Sa wie de bydrage de studint yn 2002 likernôch 20.000 euro, ferline jier wie dat 15.100 euro.
Mei de aksje ‘Normaal Akademysk Peil’ roppe de universiteiten it nije kabinet op om struktureel 1,1 miljard euro te ynvestearjen. Dêrmei moatte foaral mear dosinten oansteld wurde. Der binne mear studinten as tweintich jier lyn. Dosinten geane fan ’e middei nei De Haach, om mei de wurkjouwers, fakbûnen en studintefakbûnen in ynformaasjepakket oan Keamerleden oan te bieden. Yn studintestêden wurde ek aksjes organisearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje