Natuermuseum Fryslân 50e lokaasje ‘Miniature People’

april 23, 2021 08:44 Fernijd

It projekt Miniature People fan Michel Tilma is in grut sukses. Hieltyd mear minsken binne yn Ljouwert op syk nei lokaasjes dêr’t de keunstner tafrielen mei miniatuerfiguerkes makke hat.

De miniatuerfigueren sprekke in brede doelgroep oan, mar foaral ek in protte bern. It Natuermuseum, dat him ek op skoalbern rjochtet, woe dêrom ek graach in groepke húsfêstje. Tilma wie fuortdaliks entûsjast en hat in tafriel makke dat goed by it museum past. Der is in groepke weesbern mei diakonessen te sjen, dy’t nei de skiednis fan it monumintale gebou as Ald Stedsweeshûs ferwize, oanfolle mei in groepke bisten.

Tilma begûn yn 2019 mei it delsetten fan de miniatuerminsken en joech de lokaasjes oan op syn Facebookside. Al gau waard it projekt te baat nommen troch de stedsgidsen fan A guide to Leeuwarden, dy’t harren groepen net allinnich by de keunstwurken en strjitkeunst lâns liede, mar ek by de minybackpackers, de akkordeonspilers en de hoeder mei syn skiep lâns. Underwilens is der in plattegrûn makke mei in kuiertocht by de ferskate lokaasjes lâns. Dy is te keap op ferskate plakken yn de stêd.

It binne tsjintwurdich net allinnich Ljouwerters dy’t op syk gean nei de miniatuerfiguerkes. Hieltyd faker komme toeristen spesifyk nei Ljouwert ta om de popkes te sykjen. De minyminskjes binne yn ferskate hoeken en gatten te finen, yn de drokke winkelstrjitten en yn ferburgen gloppen. Sa binne der berchbeklimmers efter in reinpiip, mountainbikers op in richel en in groep boufakkers yn in muorre fol gatten.

Der wiene oant no ta 49 tafrielen op 38 lokaasjes. Sûnt woansdei is dêr it Natuermuseum as fyftichste by kommen. Mear ynformaasje is te finen op: www.miniaturepeopleleeuwarden.nl.

‘Miniature People’ (foto: Natuermuseum Fryslân)

april 23, 2021 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.