NASA kiest SpaceX foar moannelâningen

april 17, 2021 10:21

NASA hat de moannelâner fan romtefeartbedriuw SpaceX keazen foar de moannelâningen dy’t letter dit desennium plend binne. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje hopet de earste bemanne moannelâningen sûnt de Apollo-misjes yn 2024 útfiere te kinnen.

SpaceX Starship (ôfbylding: SpaceX)

NASA ferkeas de lâner fan SpaceX boppe ûntwerpen fan Dynetics Inc. en fan Blue Origin, it bedriuw fan miljardêr Jeff Bezos. It kontrakt foar de moannelâner giet om 2,9 miljard dollar (2,4 miljard euro). De kar foel op SpaceX ûnder mear fanwege de goede prestaasjes fan it bedriuw mei de Falcon-raket en de bemanne Dragon-kapsules.

It ûntwerp fan SpaceX is in oanpaste ferzje fan Starship. Prototypes fan dat romtereau wurde op it stuit test yn Teksas. Mei de lâner fan SpaceX kinne twa minsken tagelyk op de moanne lânje. De earste moannelâning kin al yn 2024 wêze as SpaceX syn eigen doel op ’e tiid hellet.

De plande moannelâningen binne ûnderdiel fan it Artemis-programma fan NASA. Mei ynternasjonale partners wol NASA in lyts romtestasjon yn in baan om de moanne bouwe. Dêrwei kinne moannelâningen útfierd wurde. De earste noch ûnbenamme testflecht fan de Orionkapsule nei de moanne, Artemis 1, stiet pland foar ein dit jier. De lâner fan SpaceX sil ek earst in ûnbemanne flecht meitsje om alle systemen te testen.

april 17, 2021 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.