Mûnts nei fjouwer dagen út ûnderstrûpte grot rêden

april 7, 2021 12:11

Dûkers hawwe in boeddhistyske mûnts nei fjouwer dagen út in ûnderstrûpte grot yn Tailân rêden. De 46-jierrige mûnts wie de grot yn de provinsje Phitasnulok yngien om dêr te meditearjen, mar waard oerfallen troch in protte reinwetter.

Foto: pixabay.com

De rein soarge derfoar dat it wetterpeil yn de grot omheechkaam en dêrtroch rekke de yngong blokkearre. De mûnts socht doe in heger lein plato yn de grot op. In protte Taiske grotten hawwe alters op heger lizzende plakken.

De mûnts docht alle jierren yn april in beafeart út in oare provinsje wei nei dy grot ta. Doe’t er nei de reinfal net weromkaam, makken doarpsbewenners har soargen en skeakelen se de helptsjinsten yn. Hûnderten rêdingswurkers, lykas dokters, sammelen har by de grot en sân dûkers giene deryn. Yn de grot moasten se in ôfstân fan sa’n tolve meter ûnder wetter ôflizze. De mûnts waard troch de dûkers nei bûten helle.

april 7, 2021 12:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.