Motorblokken Éric Van Hove werom nei Frysk Museum

april 8, 2021 09:41

Nei de tichtplicht sille twa keunstwurken fan Éric Van Hove (Algerije, 1975) opnij te sjen wêze yn it Frysk Museum. It giet om in replika fan it motorblok út in Caterpillar D9-bulldoazer en om it wurk ‘Us Heit (Claas Jaguar OM422-V8)’, dat spesjaal foar de útstalling Fenduq yn 2019 makke waard. De keunstwurken wiene tydlik útliend oan Museum Vandalorum yn Sweden, mar binne sa gau’t it Frysk Museum wer iepen is, te sjen neist de Hylper Keamer – krekt as it wurk fan Éric Van Hove it resultaat fan wrâldwide kulturele útwikseling.

Éric Van Hove, ‘Us Heit (Claas Jaguar OM422-V8)’ (detail), 2019 (foto: Ruben van Vliet)

Fan 2 febrewaris 2019 o/m 5 jannewaris 2020 wie de útstalling Éric van Hove – Fenduq yn Ljouwert te sjen. Mei in tiim fan ynternasjonale ambachtslju reprodusearret Van Hove yndustriële motorblokken en reau. Hûnderten ûnderdielen wurde mei de hân neimakke fan ûnder oare hout, keramyk en koper. Van Hove kombinearret de skjintme fan ûntwerp mei aktuele tema’s as de ferdieling fan wolfeart en de ferskillen tusken it westen en de rest fan de wrâld.

Éric Van Hove (foto: David Vroom)

Bulldoazer
Ien fan de blikfangers út Fenduq, in replika fan it motorblok út in bulldoazer, is aanst opnij yn Ljouwert te sjen. De Caterpillar D9-bulldoazer waard ûntwikkele om de ynfrastruktuer yn ûntwikkelingslannen te ferbetterjen, mar waard úteinlik foaral bekend as militêr reau. Dêrmei is de bulldoazer it symboal wurden fan ûnderdrukking yn stee fan opbou. Van Hove demontearre it motorblok en frege 41 ambachtslju alle 295 ûnderdielen nei te meitsjen. ‘D9T (Rachel’s Tribute)’ waard oankocht troch it museum mei stipe fan it Mondriaanfûns, de BankGirolotterij en de Freonen fan it Frysk Museum.

Fryske motor
Spesjaal foar de útstalling wurken Fryske, Marokkaanske, Sweedske en Yndonezyske ambachtslju goed njoggen moanne oan de motor út in fjildhakseler, in dierber lânboureau op it Fryske plattelân. Alle 295 ûnderdielen fan de motor waarden neimakke yn ferskate ambachten, fan Marokkaansk houtwurk oant Hylper skilderwuk en fan Yndonezysk snijwurk oant Sweedsk glêswurk. Yn de Blokhúspoarte hawwe de ambachtslju in moanne lang yntinsyf gearwurke om de ûnderdielen passend te meitsjen en gear te foegjen. De oankeap fan ‘Us Heit’ waard mooglik makke mei stipe fan Aegon, De BankGirolotterij, it Mondriaanfûns, VSBfûns, Fûns 21 en Freonen fan it Frysk Museum.

april 8, 2021 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.