MOSKEN winner fan LIET 2020+1; tekstpriis giet nei Sample Text

april 5, 2021 09:30

MOSKEN hat sneon it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de acht finalisten krige de band fan Bert Steeman, Sjoerd van Kammen en Ronald van den Oudenalder de measte punten fan de faksjuery. It nûmer dêr’t MOSKEN de finale mei wûn, hjit ‘Leave Lieve’. “It is aktueel”, sei Van Kammen. “It giet oer bern en âlden en nei in drege perioade by heit en mem thús weromkomme.” 

Mosken (foto: Nico Boersma)

Op it twadde plak einige Douwe Dykstra mei ‘Wêr’t ik begjin en do stoppest’, tredde waard Sample Text mei ‘Underfining’.

De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gong nei ek Sample Text mei ‘Underfining’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes rikte de priis digitaal út. “It sit goed yninoar, oarspronklik, kreatyf en mei humor”, stie yn it sjueryrapport.

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn – dit jier sûnder publyk – sette útein mei in spektakulêre iepeningsact fan Janneke Warringa. Al sjongende rûn se fan de yngong fan Neushoorn de grutte seal yn. Har nûmer ‘Sjong dan’ wie eins it muzikale motto fan de jûn.

Njonken de acht finalisten wiene der optredens fan trije bysûndere crossover-duo’s, dy’t har nagelnije komposysjes foar it earst útfierden. Dy duo’s bestiene út Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & DINA en Huub Prins & Bobby Choco.

De folsleine útslach fan Liet 2020+1:

  1. MOSKEN 41 punten
  2. Douwe Dykstra 35
  3. Sample Text 26
  4. Bokke en de Heidehippers 24
  5. BANT 24
  6. Fegebart 23
  7. Janneke de Boer 12
  8. Volk!! 10

Sample Text (foto: Nico Boersma)

april 5, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.