Minister Van Engelshoven iepenet Nasjonale Museumwike yn Grinzer Museum

april 17, 2021 09:38

Moandeitemoarn 19 april iepenet minister Van Engelshoven fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de Nasjonale Museumwike yn it Grinzer Museum. De Museumwike falt tagelyk mei in proef foar tydlike weriepening fan musea kombinearre mei in fergeze sneltest. Dy proef is in inisjatyf fan de ministearjes fan OCW, VWS en EZK yn gearwurking mei de Museumkaart. In besite oan in museum is op 19, 20 en 21 april mooglik fia in reservearring op museum.nl.

Grinzer Museum (foto: Melvin Jonker)

It Grinzer Museum is ien fan de santjin dielnimmende musea dy’t tydlik iepen meie. De proef is ûnderdiel fan it plan dêr’t de ministearjes fan OCW, VWS en EZK de ynset fan sneltesten yn de kulturele sektor mei ûndersykje. Sa wurdt sichtberder oft it sneltesten helpe kin om it maatskiplik libben earder op gong te bringen. De proef wurdt yn de Nasjonale Museumwike holden. It Grinzer Museum hopet as dielnimmer deroan by te dragen dat de musea gau wer iepen meie.

Besikers kinne yn it Grinzer Museum de fêste kolleksje besjen mei in protte wurk fan De Ploeg, dêr’t it pronkstik – de kast fan H.N. Werkman – ek by heart, en de eksposysje Pronkjewails – Design uit heden en verleden. Der binne ek foto’s fan The Rolling Stones, makke troch de Grinzer fotograaf Andy Zuidema, te sjen. Kaarten binne te krijen fia museum.nl.

De útstalling The Rolling Stones – Unzipped is net mear te sjen op moandei 19 april en yn de Museumwike. Dy is allinnich noch online te sjen oant en mei snein 18 april fia groningermuseum.nl/virtueel.

Musea kinne feilich en ferantwurde iepen, blykt út de ûnderfiningen fan 2020 mei it oardelmeterprotokol. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Museumwike op museum.nl/museumweek.

april 17, 2021 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.