Minister Van Engelshoven borduert in stekje mei yn Frysk Museum

april 20, 2021 07:55

Op de earste dei fan de Nasjonale Museumwike krige it Frysk Museum besite fan minister Ingrid van Engelshoven. It museum wie mei sechtjin oare musea foar it earst yn moannen wer iepen foar de lanlike testpilot. Foar de gelegenheid die de minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip in omgong by fjouwer Noardlike musea lâns. Yn it Frysk Museum ûntduts se de nije útstalling Haute Bordure.

Minister Van Engelshoven mei studinten (foto: Frysk Museum)

Van Engelshoven koe sels oan ’e slach by de borduertafel fan keunstner Floor Nijdeken. Ynspirearre op de ynteraktive borduerynstallaasje makken Birk, Sander en Vera, studinten ‘kreatyf fakman’ fan it Fryslân Kolleezje, harren eigen borduermasine. De studinten giene yn petear mei de minister oer harren ambachtlike masines en de persoanlike borduerûnderfiningen fan Van Engelshoven.

Nei in flitsrûnlieding fan konservator Eveline Holsappel troch Haute Bordure, prate Van Engelshoven mei studinten moade & design. Diana, Sieta en Rick lieten harren omrinbloeskes sjen, dy’t se opkreazen mei borduertechniken ynspirearre op de útstalling. Ta beslút oerlange direkteur Kris Callens har it beliedsplan Fierder!, dêr’t it Frysk Museum syn ambisjeuze takomstplannen yn presintearret. “Wy binne bliid dat wy as museum trije dagen iepen wêze meie om ynspiraasje te bieden yn dizze rûzige tiden. Wy sjogge der nei út om wer hielendal iepen te wêzen, om wer dat plak fan ynspiraasje foar elkenien wêze te kinnen”, sei Callens.

april 20, 2021 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.