Minister moat útlizze: fiertaal by wiskunde en ierdrykskunde tenei Frysk?
Resint ferskynd

Net allinne de Ried fan Europa en de Twadde Keamer hawwe de ôfrûne jierren krityk jûn op it belied dat de Nederlânske Ryksoerheid fiert foar it Frysk, der komt no út de Earste Keamer ek in tige kritysk lûd. Op 24 maart hat senator Ton Raven fan de OSF de ministers fan ynlânske saken en ûnderwiis der op ‘e nij op wiisd dat hja de ferplichting hawwe om it Frysk yn it ûnderwiis fuort te sterkjen. Hy wol antwurd hawwe op ‘e fraach hoe’t dat sil.
De fraach is sa steld:

Fierders wol Raven fan de ministers hearre wat se dwaan sille foar Limburchsk, Nedersaksysk, Biltsk, Romanes en Jiddysk.
Op it Biltsk nei hawwe alle neamde talen in beskerme status yn Nederlân. Foar it Frysk hat Nederlân boppedat spesifike ferplichtings. Al jierren wurdt konstatearre dat de Ryksoerheid dy net goed neikomt. Sa moat in oanmerklik diel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal jûn wurde. Saakkundigen wize der al lang op dat it wichtich is om in lytse taal as fiertaal te brûken, bygelyks by fakken lykas wiskunde en ierdrykskunde. Foar ferskate fakken is al lang Frysktalich lesmateriaal makke, mar dat wurdt mar op in pear skoallen brûkt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje