Ministearje diskriminearret statushâlders én Fryske taal

april 29, 2021 20:37

PARSEBERJOCHT FAN DE JONGFRYSKE MIENSKIP

Gjin jild foar Fryske lessen oan statushâlders – Ministearje yn striid mei Europeeske ferdraggen

It Ministearje fan Sosjale Saken hat okkerdeis oan boargemaster Oebele Brouwer fan Achterkarspelen te witten dien dat der gjin jild beskikber steld wurde mei foar de ynboargering yn de Fryske taal. De gemeente Achtkarspelen hie dêr eksplisyt om frege. Yn de ôfrûne jierren hat kear op kear bliken dien dat asylsikers en statushâlders graach Frysk leare wolle.

Wannear’t statushâlders yn Fryslân wenje, binne se juridysk sjoen Friezen en falle se ûnder it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden. Yn kêst 5 lid 2 stiet:
“Without prejudice to measures taken in pursuance of their general integration policy, the Parties shall refrain from policies or practices aimed at assimilation of persons belonging to national minorities against their will and shall protect these persons from any action aimed at such assimilation.”

Dit betsjut dat statushâlders net befrijd wurde fan de besteande ynboargeringsregeljouwing, mar seit ek dat it net de bedoeling is om leden fan in nasjonale minderheid te assimilearjen. Allinnich mar Nederlânsk oanbiede oan statushâlders sil liede ta assimilaasje fan de nije Friezen. Yn oare Europeeske regio’s lykas Südtirol of Katalonië is it normaal dat statushâlders twa talen leare moatte. Yn Europa binne genôch foarbylden te finen hoe’t statushâlders goed opfongen wurde. De Jongfryske Mienskip fynt dat Fryslân dy foarbylden folgje moat.

Mei it ratifisearjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden hat it Nederlânske regear him ferplichte om op alle passende nivo’s de mooglikheid te bieden om Frysk te learen. Yn kêst 7 lid 1f stiet:
“The provision of appropriate forms and means for the teaching and study of regional or minority languages at all appropriate stages.”

De gemeente hat oanjûn fasilitearje te wollen en statushâlders hawwe oanjûn de Fryske taal leare te wollen. Dêrmei is in ‘appropriate stage’ yn ús eagen dúdlik oanwêzich en bestiet der foar de Ryksoerheid wol deeglik in ynspanningsferplichting. Wy wize de Ryksoerheid op it neikommen fan ferdraggen ûndertekene troch dyselde Ryksoerheid.

Us punten:

  • It antwurd fan it Ministearje fan Sosjale Saken is yn striid mei it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden én is yn striid mei it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden.
  • It Ministearje fan Sosjale Saken diskriminearret statushâlders troch har kânsen te ûntnimmen. De kâns om te yntegrearjen yn ’e Fryske mienskip. Behearsking fan de Fryske taal is ommers fan grut belang yn Fryslân. Yn de domeinen ûnderwiis, soarch en iepenbier bestjoer hat it Frysk de ôfrûne desennia in hieltyd grutter plak ynnommen. By in protte bedriuwen is Frysk de fiertaal. It oanbieden fan kursussen Frysk fergruttet de kânsen fan statushâlders op de arbeidsmerk.
  • It Ministearje fan Sosjale Saken diskriminearret de Fryske taal omdat it ministearje formeel in ûndergeskikte status oan ‘e Fryske taal jout.

De Jongfryske Mienskip hat deputearre Sietske Poepjes frege om aksje te ûndernimmen tsjin dizze ûnwettichheden en diskriminaasje troch it Ministearje fan Sosjale Saken. Dêrneist hat de Jongfryske Mienskip twa klachten fan diskriminaasje yntsjinne by it antydiskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert.

april 29, 2021 20:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.