Marshelikopter hat tredde flecht útfierd
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
Marshelikopter Ingenuity fan NASA hat snein syn tredde flecht op Mars suksesfol ôflein. Dat berjochtet de romtefeartorganisaasje op syn webside. It tastel fleach mei in faasje fan twa meter de sekonde en lei hûndert meter ôf, foar’t er weromkaam by syn begjinposysje.
It tastel gie by dy flecht sa’n 25 kear fierder as by syn twadde flecht ein ferline wike. De helikopter gie by syn tredde flecht earst fiif meter omheech, om dêrnei mei in faasje fan sa’n 7,2 kilomter yn ’e oere in rûntsje te fleanen. De flecht wie bedoeld om it navigaasjesysteem fan de helikopter te testen. Ingenuity besiket syn lokaasje fêst te stellen mei help fan in kamera dy’t de ûndergrûn fotografearret. As er te fluch fleane soe, soe er ferdwaald reitsje kinne.
Ingenuity gie ferline jier as bagaazje mei yn de laadromte fan Marsrover Perseverance. Yn febrewaris lânen de tastellen op de reade planeet. Ferline wike makke de wjukkelmasine foar it earst in slagge flecht op Mars. Dochs komt der meikoarten in ein oan it projekt. Nei alle gedachten fljocht Ingenuity noch twa jier, dan is it tastel oan ein. Dêrnei ferskoot de oandacht fan NASA wer nei de Marsrover, dy’t boaiemmeunsters nimme sil.
Besjoch in filmke fan de tredde flecht fan Ingenuity:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje