Mars-helikopter Ingenuity makket earste flecht
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
Mars-helikopter Ingenuity hat syn earste suskesfolle flecht makke. It ûnbemanne tastel hat dêrmei skiednis skreaun troch as earste wjukkelmasine in flecht boppe in oare planeet te meitsjen. NASA sprekt fan in grutte trochbraak yn de loftfeart: “In bruorren-Wrightmomint”.
De hely dy’t 1,8 kilo waacht, makke moandeitemoarn om 9.30 oere hinne in flecht fan likernôch in heale minút op trije meter hichte. Troch de fertraging yn de kommunikaasje mei de reade planeet kaam de befêstiging op ierde pas tsjin 13.00 oere. Om’t radiosinjalen fan en nei Mars der likernôch tweintich minuten oer dogge, wie it streekrjocht oanstjoeren fan it tastel op Mars net mooglik. Foar it opstigen fan de Ingenuity joegen yngenieurs in kommando en dêrnei fierde it masyntsje in programmearre flecht út.
Mei sokke flechten wol NASA ûndersykje oft it yn ’e takomst mooglik is om in gruttere helikopter nei Mars te stjoeren dy’t op plakken komme kin dy’t foar Marsweintsjes ûnberikber binne. Utdagingen foar NASA binne de lege luchtdruk en temperatueren op Mars, lykas de akkukapasiteit fan de hely.
Ingenuity soe eins in wike lyn al syn earste koarte flecht op Mars meitsje, mar fanwege technyske maleur waard dy útsteld.
Besjoch in filmke fan NASA fan de flecht:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje