Maritime Akademy Harns wint 3D-printe boat fan swalkôffal

april 17, 2021 10:04

De Maritime Akademy Harns hat in bysûndere priis wûn, in 3D-printe boat makke fan plestik dat by de opromaksje Skjin Wetter yn de Fryske wetters fûn is.

Foto: Simon Bijlsma

Ferline jier hawwe goed tûzen frijwilligers yn seis Fryske gemeenten plestik opromme yn de wetters fan de provinsje. It plestik is sammele en ferwurke ta regranulaat. Dat materiaal wurdt brûkt om foarwerpen te printsjen. It boatsje is yn it sintrum fan Harns oerdroegen oan Arjen Mintjes, direkteur fan de Maritime Akademy Harns troch jeugddykgraaf Merel Fiets en Jan van Weperen, lid fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

Skjin Wetter
Skjin Wetter is in grut opromspektakel fan de Fryske Miljeu Federaasje (FMF), Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en in protte ferieningen om it Fryske oerflakwetter te himmeljen. Oars as de jierren dêrfoar duorre Skjin Wetter 2020 in wike yn stee fan ien dei. De edysje fan 2020 wie in daverjend sukses. Goed fyftich organisaasjes, ferieningen en skoallen mei mear as tûzen frijwilligers yn seis Fryske gemeenten hawwe mar leafst 650 kilometer wetter skjinmakke. Fan dûkers en angelsporters oant suppers: in bûnt publyk die mei.

Foto: Simon Bijlsma

Oanslutend op it spektakel is der in Skjin Wetterpriis organisearre. Dielnimmers hawwe nei de himmelaksje trochjûn hoefolle kilometer oan wetter oft se opromme hawwe en mei hoefolle minsken se dat diene. Under de dielnimmende organisaasjes is dêrnei in winner, troch middel fan lotting, selektearre foar de grutte Skjin Wetterpriis.

Regranulaat
It bedriuw Morssinkhof Plastics op It Hearrenfean hat it Skjin Wetter-plestik ferwurke ta de heechweardige grûnstof regranulaat. Dêr hat it bedriuw 10-XL út Hardinxveld-Giessendam it unike boatsje mei printe.

Foto: Simon Bijlsma

Swalkôffal
Alle jierren komme miljoenen tonnen plestikôffal yn it oerflakwetter en de see telâne. Foar in part komt dat fan wat op ’e dyk fuortsmiten wurdt. Fan wat yn Fryslân fuortsmiten wurdt, sil foar in part ek yn ’e see bedarje en sa oan de plestiksop bydrage. Dat is in grut, globaal probleem. Plestik falt úteinlik útinoar yn mikroplestiks, dy’t yn bisten telâne komme en sa opnommen wurde yn de wrâldwide fiedselsirkulaasje. In protte seebisten wurde siik en stjerre troch it fretten fan gruttere stikken plestik. Dat is foar te kommen troch de eigen omjouwing skjin te hâlden.

Skjin Wetter 2021
Dit jier wurdt de fyfde edysje fan Skjin Wetter holden. Dy wurdt organisearre fan 2 o/m 9 oktober 2021. Dielnimmers yn de gemeenten dy’t meidogge, kinne har wer oanmelde. Dat kin op www.samenfryslanschoon.frl.

Foto: Simon Bijlsma

april 17, 2021 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.