Maritime Akademy Harns organisearret grutte ynternasjonale konferinsje

april 22, 2021 09:01

De Maritime Akademy Harns organisearret hjoed, tongersdei 22 april, in grutte ynternasjonale einkonferinsje. It is it slotstik fan it mearjierrige Interreg North Sea Region Project #IWTS 2.0. IWTS stiet foar Inland Waterway Transport Solutions. Sûnt 2017 is yn dat projekt wurke oan it makliker meitsjen en befoarderjen fan it gebrûk fan binnenfearttransport op lytsere en oant no ta ûnbenutte wetterwegen yn de Noardseeregio.

Foto: pixabay.com

It projekt wurdt laat troch de Maritime Akademy Harns. Mei njoggen partners út Nederlân, Ingelân, Sweden, Dútslân en België is wurke oan it oanpassen fan farwegen om se gaadlik te meitsjen foar binnenfearttranssport, oan nije boatkonsepten en oan it oplieden en trenen fan personiel. “It hiele projekt wie derop rjochte om transport oer wetter in duorsum alternatyf foar transport oer de dyk wêze te litten. Dat yn in protte gefallen noch net keazen wurdt foar transport oer wetter, komt troch in stikmannich problemen dy’t yn it projekt oanpakt binne. Dêrneist hawwe wy ynset op it ferduorsumjen fan de sektor”, fertelt Jörn Boll, projektlieder #IWTS 2.0.

Ien fan de suksessen fan it projekt is de ûntwikkeling fan de Green Wave. Dat is in folslein elektrysk binnenskip, ornearre foar it ferfieren fan boumaterialen yn de histoaryske binnenstêd fan Gent.

De ôftraap fan de online konferinsje wurdt dien troch deputearre Sander de Route. Hy ûnderstreket it belang fan #IWTS 2.0 foar de binnenfeart, it belang fan de binnenfeart foar de provinsje Fryslân en hy sprekt de hoop en meiwurking út foar #IWTS 3.0.

“Wy binne tige grutsk dat wy dit projekt liede kinnen ha en binne bliid dat al oankundige is dat mei #IWTS 3.0 in ferfolch oan it projekt jûn wurdt. Dat is fan grut belang foar de ûntwikkeling fan de hiele binnenfeartsektor”, seit Arjen Mintjes, direkteur Maritime Akademy Harns.

De slotkonferinsje is op tongersdei 22 april fan 14.00 oant 16.00 oere. Belangstellenden kinne har oanmelde fia dizze link.

april 22, 2021 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.