Marit Westerhuis wint soloútstalling YGA III yn Grinzer Museum

april 15, 2021 08:46

De winner fan it talintetrajekt Young Grunn Artist III (YGA) is bekend. Nei in spannend talintûntwikkelingstrajekt dêr’t trije finalisten Jurjen Galema, Susanna Inglada en Marit Westerhuis in jier lang yn begelaat waarden troch kuratoaren fan NP3 en it Grinzer Museum is Marit Westerhuis as winner keazen. Hja kriget yn 2022 in grutte soloútstalling yn it Coop Himmelb(l)au-paviljoen fan it Grinzer Museum.

Wurk fan Marit Westerhuis (foto: G.J. van Rooij)

Sjueryrapport
Marit Westerhuis is ynspirearre troch technologyske ûntwikkelingen yn relaasje ta it minsklik lichem yn in hieltyd feroarjende omjouwing. Ynspiraasje foar har wurk fynt Westerhuis ek yn rituele hannelingen fan offers út de brûns- en stientiid oant natuerbeskôgingen út Germaanske myten. Foar har ôfstudearprojekt oan it Frank Mohr-ynstitút ûnderwurp se har oan in strak rezjym mei ferskate soarten selsboude mjitapparatuer. Dêrmei brocht se har eigen persoanlike fysike en mentale data sekuer yn kaart. It artistike ûndersyk fan Westerhuis is metoadysk en krekt, materiaaleksperiminten binne dêr essinsjeel by. De kuratoaren priizgje Westerhuis’ rykdom oan ideeën, fêsthâldendheid, eksperimint en de krêft om harsels hieltyd opnij út te finen.

Besjoch de films oer de nominearre gadingmakkers en harren wurk:
Fideo Jurjen Galema
Fideo Susanna Inglada
Fideo Marit Westerhuis

Oer Young Grunn Artist (YGA)
YGA is in talintûntwikkelingsprogramma fan NP3 en it Grinzer Museum. Yn it YGA-trajekt krije trije selektearre keunstners ekstra stipe dêr’t se in folgjende stap yn harren karriêre mei meitsje kinne en harren keunstnerskip oanskerpje en ferdjipje kinne. Sjoch ek op www.groningermuseum.nl/kunst/yga-111.

april 15, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.