Marc Kooij nominearre foar filmpriis yn Teksas

april 11, 2021 11:34

Marc Kooij, berne yn Snakkerbuorren en no yn Ljouwert wenjend, is nominearre foar in filmpriis yn Teksas. Earder wie er belutsen by it Frysk-Grinzer keunstnerskollektyf De Zoete Hanen. Dêr hat er ûnder mear mei optreden op ien fan de Fryske Boekefeesten yn Romein (no Westertsjerke) yn Ljouwert. Marc Kooij is ek bekend ûnder de namme DJ Keu.

Marc Kooij (foto: Rick David)

Draw your gun, in koarte western fan Wouter Jansen makket in suksesfolle tocht by ynternasjonale filmfestivals lâns. Op it Cowpokes International Film Festival yn Electra hat de film fiif nominaasjes krigen, wêrûnder ien foar Marc Kooij as bêste byrolakteur. De útslach wurdt bekendmakke op it festival, dat fan 16 o/m 18 april holden wurdt.

Sjoch ek op filmfreeway.com/CowpokesIntlFilmFestival.

Besjoch de trailer fan Draw your gun.

april 11, 2021 11:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.