Maaiefakânsje fol mei berneaktiviteiten by De Lawei

april 25, 2021 08:43 Fernijd

De maaiefakânsje (3 oant en mei 9 maaie) stiet by De Lawei altyd yn it teken fan de Bernewike (Kidsweek). Diskear is dy wike yn in digitaal jaske stutsen. Bern kinne online de wurksjops BoemTsjakkaBoem, Tekenen zoals Britto en de Online Dance Party folgje. Der binne ek noch genôch oare aardige nifel- en foarstellingstips te finen op de webside fan De Lawei.

Wurk fan Britto (boarne: De Lawei)

Dance Party mei Angela (boarne: De Lawei)

KidsAtelier mei Tekenje lykas Britto
Op 6 maaie is der in nije edysje fan it KidsAtelier, dy’t diskear yn it teken stiet fan keunstner Britto. Hy stiet bekend om syn yntins kleurig en fleurige skilderijen dêr’t er ferskate keunststilen yn kombinearret. Yn it wurkatelier fia Zoom sille bern sels oan ’e slach mei it meitsjen fan in bist yn de styl fan Britto. Sy leare ek oer kubisme en popart. Der is sawol in wurkatelier foar bern fan 5 o/m 8 jier (10.00 oant 11.00 oere) as foar bern fan 9 jier en âlder (11.30 oant 12.30 oere).

BoemTsjakkeBoem troch Drumskoalle Dr888
Troch it grutte sukses fan de wurkateliers yn de foarjiersfakânsje, is BoemTjakkeBoem werom. Foar elkenien dy’t der sin oan hat om koroana út ’e holle wei te slaan. Mei dosint Henri wurdt lekker drumd mei objekten út eigen hûs. In amer, twa sleven, ien plestik beker en in ballon is it iennige dat foar it wurkatelier nedich is. It wurkatelier is op freed 8 maaie fan 15.00 oant 15.30 oere foar bern fan 5 o/m 10 jier.

Online Dance Party mei Angela van Arendonk
Op 7 maaie nûget Angela van Arendonk elkenien út foar har online dûnsfeest. Foar alle bern dy’t, krekt as sysels, fan dûnsjen hâlde. Eltse húskeamer kin omtsjoene wurde ta diskokeamer, want de dûnslessen binne fia Zoom. Om der in echt feest fan te meitsjen is de kleankoade: discostyl. Broeken mei wide boksen en wylde pruken kinne dus út de kast. Foar bern fan 5 o/m 8 jier is it feest fan 10.00 oant 10.30 oere en fan 11.00 oant 11.30 oere is dy foar bern fan 9 jier en âlder.

Alle wurkateliers binne fergees, mar it is wol ferplichte om fan tefoaren oan te melden. Dat kin fia www.lawei.nl/kidsweek.

april 25, 2021 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.