Ljouwerter basketballers fertocht fan korrupsje
Resint ferskynd

De NOS berjochtet dat ferskate âld-spilers fan de Ljouwerter basketbalklup Aris fertocht wurde fan hantsjeklap. Se soene fjouwer wedstriden mei opset ferlern ha, sadat Súd-Koreaanske gokkers tsientûzenen euro’s fertsjinje koene.
De kluplieding is bot skrokken fan it berjocht. Dat seit bestjoerder Sierd Dijkman. “Dit is in klap yn it gesicht fan de spilers, de technyske stêf, de organisaasje, de fans en de sponsoaren.”
Neffens de NOS leit it ûndersyk nei de korrupsje no stil. It waard dien troch it Instituut Sportrechtspraak en dat kin oaren net twinge om mei te wurkjen.
Dijkman seit dat der gau dúdlikheid komme moat. “It is fan grut belang, foar de sport en de klup, dat der gau dúdlikheid komt oer it ûndersyk. Wy ha fansels oant no ta folslein meiwurke oan it ûndersyk en dat bliuwt ek sa.”
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje