Ljouwert mei syn ferantwurdlikens net ôfskowe!

april 14, 2021 16:34

Ynstjoerd

Sûnt in diel fan de gemeente Littenseradiel opgie yn de gemeente Ljouwert is B&W fan Ljouwert ek it bestjoer fan it Rely-Jorritsmafûns. Earder foarme B&W fan Littenseradiel it bestjoer, en dy gemeente soarge foar in trochstrings treflike organisaasje fan de “Rely-Rally”. Tsientallen Fryske skriuwers stjoere jierliks bydragen yn. De Rely Jorritsmaprizen binne fan grutte betsjutting foar kwaliteit en kontinuïteit fan de Fryske skriuwerij.

De prizen binne ek net tafallich ûnderbrocht by in oerheid. Jorritsma foarseach skynber dat, wannear’t de Fryske Biblioteek (dy’t earder ferantwurdlik wie) ophâlde soe te bestean, in link mei de oerheid nedich wie. Ferantwurdlikens fan in gemeente foarmet in basis foar kontinuïteit. Baarderadiel en Littenseradiel hawwe der dan ek, yn de geast fan syn neilittenskip, kreas mei rêden.

It fûns sit finansjeel aardich stevich ynelkoar. Ut pacht en belizzings komt foldwaande jild yn om de kontinuïteit te garandearjen. Der is in saakkundich frijwilliger dy’t de gemeente foar it finansjele part bystiet. De stichting FLMD advisearret oer organisaasje en sjuery, en nimt Ljouwert gâns wurk út hannen. Ljouwert, as gemeente, hoecht relatyf mar in bytsje jild en amtlike ynset by te dragen, en dan giet it benammen om de feestlikheden om de útrikking hinne. En dat is no krekt wêr’t in City of Literature eare mei ynlizze kin!

De amtlike ûndersteuning dy’t de gemeente Ljouwert biede kin, is op stuit net sterk. Dat liket in wichtige oarsaak foar de winsk om ôfstân te nimmen by de gemeente. Op de ôfdieling kultuer is net in Frysktalige amtner te finen dy’t affiniteit hat mei de Rely-Rally. Dat mei gjin ekskús wêze, sterker noch, dat moat oars. Ljouwert wie gjin City of Literature woarn as wy net in meartalige en Fryske skriuwkultuer hienen. Ljouwert is langer gjin eilân yn de Fryske see, mar in thúshaven, ek foar de Fryske kultuer.

It Skriuwersboun wol him net bemuoie mei de juridyske grûnslach foar de Rely Jorritsmaprizen. Mar dat de gemeente Ljouwert, de facto en yn de byldfoarming, einferantwurdlik is foar dizze sa yn de Fryske skriuwmienskip woartele literêre priis, dat liket ús fan it grutste belang. It mei net sa wêze dat alles wat mei de Fryske skriuwerij te krijen hat fuort skood wurdt nei lytse partikuliere organisaasjes, gearstald út in stadichoan krimpend  rûntsje fan idealisten.

It bestjoer fan it Skriuwersboun.
Mear ynfo: 06-46134700

april 14, 2021 16:34
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga april 16, 18:17

    Soe’t net better wêze it Rely Jorritsma Fûns ûnder te bringen by de gemeente SWF? Dy hat grif mear affiniteit mei’t Frysk as de gemeente Ljouwert.
    Boppedat siet it Fûns earder by de gemeente Littenseradiel yn Wommels, dat no heart by de gemeente SWF.

  2. Abe de Vries april 17, 11:14

    Ik leau dat it better wêze soe, Elzinga, dat immen de gemeente Ljouwert ris ferteld dat je net tagelyk ‘City of Literature’ wêze kinne én gjin amtners op kultuer hawwe mei ‘affiniteit mei it Frysk’. Ik leau dat de FNP de goede klup wêze soe om dat dúdlik te meitsjen. Ik leau dat wy net meiwurkje moatte oan de fierdergeande etnisearring fan de Frysktalige kultuer. Ik leau dat de gemeente Ljouwert it provinsjale taalbelied yn feite begekket en dat – if anyone – kommissaris Brok mar ris mei boargemaster Buma prate moat.

  3. Sybren Singelsma april 17, 18:17

    Ljouwert moat begripe dat kultuer net allnnich in marketing middel is. As de gemeente echt beskaafd en cultureel weze soe, dan wie dizzy fraach net stelt

  4. Jens april 20, 12:29

    Yn boppesteande wurdt beneamd: “Op de ôfdieling kultuer is net in Frysktalige amtner te finen dy’t affiniteit hat mei de Rely-Rally.”.
    Ik freegje my ôf oft der dan miskien wol gewoan Hollânsktalige amtners binne, dy’t wol dy affiniteit hawwe. Men hoecht net perfoarst Frysktalich te wêzen om it belang fan it Frysk yn te sjen, miskien sels wol oarsom as je sjogge hoe sleau’t de measte Friezen mei har taal omgean.
    En / of bestjoerders, want dat is faaks noch wichtiger.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.