Lintsjes foar Tom en Anna Marike Dykstra

april 27, 2021 07:41

ITENS – By gelegenheid fan Keningsdei 2021 krigen Tom en Anna Marike Dykstra fan Itens juster in keninklike ûnderskieding opspjelde troch de boargemaster fan Súdwest-Fryslân, Jannewietske de Vries.

Anna Marike Dykstra-van der Woude en Tom Dykstra, Itens (foto: Willy Sybesma Fotografie)

Tom Dykstra (79) waard Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, benammen foar alle wurk dat er foar de Fryske Beweging út ’e wei set hat en dat noch docht: foar de Ried fan de Fryske Beweging, Feriening foar Frysk Underwiis, Stg. Slach by Warns, Afûk, Stg. Frysktalige Berne-opfang, Stg. Krúspunt en FNP, mar ek foar tsjerklik en kultureel frijwilligerswurk.

Anna Marike Dykstra-van der Woude (79) waard Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar har tsjerklik en kultureel frijwilligerswurk foar ûnder mear Nij Kleaster, YKFE, Frysk Oekumenysk Wurkferbân, Amnesty International, Omrop Fryslân en KFFB.

april 27, 2021 07:41
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Cor Jousma april 27, 11:32

    Lokwinske!

  2. Erwin2.0 april 28, 08:12

    Lokwinske mei dyn Hollânske lintsje. Wêrom net wegerje mei as reden datst gjin bûtenlânske ûnderskieding ha wolst?

  3. Cor Jousma april 28, 09:18

    [ ] datst gjin bûtenlânske ûnderskieding ha wolst?]

    Wêrom dreame fan in soarte fan Kosovo dat nea selsstannich bestean kin? Man, wat in flauwe opmerking!

  4. Jaap Scheffer april 28, 11:33

    Lokwinske

  5. Frâns april 29, 13:41

    THom, Lokwinske mei dyn Ridderskip! Folslein fertsjinne!! Groeten, Frâns Kuipers

  6. Hindrik ten Hoeve maaie 3, 14:58

    Tige lokwinske: dit hast dik fertsjinne!

  7. Gryt Witbraad septimber 7, 19:13

    Tom en Anna Marike, Fan herte lokwinske mei it Ridderskip, of hoe’t dat ek hjitte mei en mei it Lintsje!
    Groetnis en oant sjen Frits en Gryt Witbraad van der Meer

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.