Linkse partij yn Grienlân wol ein oan mynbou meitsje

april 9, 2021 08:44

In kontroversjeel mynbouprojekt yn Grienlân stiet faai nei de ferkiezingsoerwinning fan de linkse partij Inuit Ataqatigiit. De listlûker ûnthiet woansdei fuort nei syn oerwinning dat er in ein meitsje sil oan it projekt dat de Grienlânske befolking ferdielt.

Yn it suden fan it eilân leit de berch Kvanefjeld. Mei de mineralen yn de berch kinne elektryske auto’s, mobile telefoans en avansearre wapens makke wurde. Lykwols foel it Grienslânske bestjoer yn febrewaris oer de fraach oft it goed is dat by it winnen fan boaiemskatten uranium frijkomt. De iene helte fan regearpartij Simiut fûn fan wol, de oare helte net. Dêrom waard fan ’e wike by earder holden ferkiezingen de kar oan de ynwenners sels foarlein.

It is pas de twadde kear yn 42 jier dat de linkse partij yn Grienlân de ferkiezingen wûn hat. De sosjaaldemokraten fan de partij Siumut wiene, sûnt Grienlân yn 1979 in autonoom part fan Denemarken waard, hast hieltyd oan ’e macht. Dy partij wie foar it mynbouprojekt. Inuit Ataqatigiit (Mienskip fan it Folk) krige diskear 37 persint fan de stimmen, Siumut (Foarút) 29 persint.

De enoarme foarrieden oan seldsume ierdmaterialen en oare mineralen yn de Grienlânske boaiem wiene reden dat de ferkiezingen troch oare lannen as Sina, de Europeeske Uny en de Feriene Steaten yn ’e gaten holden waarden. Ald-presidint Trump woe Grienlân twa jier lyn sels folslein opkeapje.

It Australysk-Sineeske bedriuw Greenland Minerals woe yn de Kvanefjeldberch grutte reserves oan neodymium en uranium winne. Omwenners wiene bang foar fersmoarging fan it miljeu, foaral troch radio-aktive mynstof. Greenland Minerals wachte ôfhâldend op de ferkiezingsútslach. It bedriuw stuts al mear as hûndert miljoen dollar yn de ûntwikkeling fan de Kvanefjeldmyn. It wachtet ôf wat der no ûnder it nije regear mei de mineraalwinning barre sil.

april 9, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. - april 9, 16:22

    weromhâldend betsjut gol (sj. wurdboek). Hjir is it tebekhâldend.

  2. H. april 9, 17:46

    ‘Weromhâldend’ is krekt in antonym fan ‘gol’: dy’t wat (jild, fansels) weromhâldt, dy hâldt it by him ynstee fan it fuort te jaan.

  3. Lútsen april 10, 09:14

    Nuver dat it sa yn it wurdboek stiet, dat doocht dus net. Mar it giet my om de wurdsjes ‘werom’ en ‘tebek’ dy’t nei myn fielen net synonym binne. Men kin tebekhâldend wêze, mar ‘weromhâldend’? Nee.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.