Lelyline en grutskalige nijbou

april 7, 2021 13:07

Ynstjoerd

Sjoen de ferkiezingsprogramma’s fan de measte politike partijen is de kâns grut dat lang om let de ryksoerheid jild beskikber stelt foar de oanlis fan de Lelyline. Dat wurdt tiid ek, it is net út te lizzen dat in plak as Drachten it grutste plak fan Nederlân is dat net fia it spoar berikber is. Foar de ûntwikkeling fan It Hearrenfean as sintrum yn it Fryske spoarweinet soe it ek geunstich wêze.

Mar der skûlet wol in njirre ûnder it gers. It kabinet easket dat as tsjinprestaasje de noardlike provinsjes ree binne 100.000 wenten ekstra te bouwen om de wenningneed yn ‘e Rânestêd te bestriden. Foar 1 maaie 2021 moat yn grutte halen it “Deltaplan voor het Noorden”, wêryn’t it kabinet de impact fan de huzebou en de komst fan de Lelyline yn kaart bringt, klear wêze. Tal fan gemeentebestjoeren hawwe de dollartekens yn ’e eagen krige as soe it in goldrush wêze. Se krije no al fisjoenen fan tsientûzenen nijbouwenten, sûnder de gefolgen dêrfan oersjen te wollen. Sûnder dat de befolking nammers eat frege is. Sa wol Ljouwert 10.000 ekstra huzen bouwe en gemeenten yn de súdeasthoeke fan Fryslân 30.000. De noardeasthoeke biedt oan tûzenen huzen ekstra te bouwen (wylst de Lelyline dêr net iens komt). Wethâlder Hartogh Heys fan Smellingerlân stelt dat der noch neat besletten is, mar men wit dat as soksoarte getallen ienris neamd binne, se in eigen libben krije. De súdlike helte fan Fryslân soe oantrekliker wurde foar forinzen dy’t yn de Rânestêd wurkje, mar leaver romtlik wenje. Fryslân as sliepstêd dus.
Is dat echt wat wy wolle? Dat Fryslân in soarte surrogaat Rânestêd wurdt fol Hollanners dy’t hjir allinnich komme te wenjen fanwege de rêst en de romte, mar fierder neat mei Fryslân hawwe? It soe de ein betsjutte kinne fan it Fryske lânskip en de Fryske kultuer.

Fryslân is faak de moaiste provinsje fan Nederlân neamd fanwegen de swidens en de kwaliteit fan it lânskip. Friezen soene de lokkichste minsken fan Nederlân wêze. Mar dêr soe neat fan oerbliuwe as de megalomane plannen fan de Fryske gemeenten trochgeane. Fryslân moat net syn hin mei de gouden aaien slachtsje! Nijbou is prima, mar dan nei aard en skaal. Dus, de Lelyline JA, mar grutskalige nijbou NEE.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

april 7, 2021 13:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.